From Wikipedia, the free encyclopedia
Anna Amore, echte namme: Natalie S. Moore (St. Louis, 25 augustus 1967 – Norfolk, 19 juny 2016), wie in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Yn it begjin fan har karriêre makke se ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Stormy Weather of Stormy Weathers. Neffens har offisjele opjefte wie se (alteast ûnder har pornokarriêre) 1.68 m, mei in gewicht fan 59 kg en cupmaat 38DD, dêr't se oan kommen wie troch in boarstfergruttingoperaasje te ûndergean.
Anna Amore | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Stormy Weather, Stormy Weathers | |
echte namme | Natalie S. Moore | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 25 augustus 1967 | |
berteplak | St. Louis (Missoery) | |
stoarn | 19 juny 2016 | |
stjerplak | Norfolk (Firginia) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1994 – 2002 | |
offisjele webside | ||
annaamore.com |
Anna Amore waard yn 1967 berne yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoery. Se groeide op yn Farmington Hills, in plak yn 'e steat Michigan, op likernôch in oere riden fan Detroit ôf. Amore studearre oan 'e Universiteit fan Michigan, en hie in bachelorstitel yn finansjeel behear.
Yn 'e earste helte fan 'e jierren njoggentich liet se har boarsten fergrutsje en begûn se as neakenmodel te posearjen foar neakenblêden as Score en Hustler's Busty Beauties. Har debút yn in pornografyske film makke se yn 1994, doe't se 27 jier wie, yn The Lost Tapes fan it label Zane Entertainment Group. It jiers dêrop ferfear se nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't se mei help fan kollega-pornoaktrise Heather Hunter serieus úteinsette mei har pornokarriêre. Se woe lykwols net foar de kamera anale seks hawwe, nei eigen sizzen om't se oan har heit ûnthjitten hie dat se dat nea dwaan soe.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Amore ûnder har karriêre yn totaal yn 88 pornofilms. Foar in part wiene dat produksjes fan studio's dy't har spesifyk taleine op it grutte-boarstesjenre, lykas Topper Video, Big Top Video en Napali Video, mar se wurke ek foar foaroansteande, algemienere labels as Vivid Entertainment, VCA Pictures, Elegant Angel, Wicked Pictures, Sin City, New Sensations en Extreme Associates. Yn 2002 loek Amore har úteinlik werom út 'e pornoyndustry. Har offisjele webside (AnnaAmore.com) bleau noch jierren online, mar waard net mear by de tiid brocht.
Nei it beëinigjen fan har wurkpaad yn 'e pornoyndustry ferfear Amore nei Norfolk, yn 'e steat Firginia, om deun by har famylje te wenjen. Se krige in dochter, Gia Lana. Anna Amore ferstoar op 19 juny 2016 yn har wenplak Norfolk, yn 'e âldens fan 48 jier. In deadsoarsaak waard net bekend makke.[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.