Aldetrine (Nederlânsk: Oldetrijne; Stellingwerfsk: Ooldetriene) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf. It leit súdwestlik fan Wolvegea en noardeast fan Munnikebuorren. De taal fan 'e ynwenners is meast Stellingwerfsk. It doarp foarmet mei Sonnegea in twillingdoarp.
Aldetrine | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 215 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Befolkingsticht. | 9,89 km², wêrfan: - lân: 9,60 km² - wetter: 0,28 km² | |
Stêdekloft | 22 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8479 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 51' N 5° 56' E | |
Offisjele webside | ||
Side Sonnegea-Aldetrine | ||
Kaart | ||
Aldetrine hat 215 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Aldetrine waard al yn in oarkonde út 1320 neamd as 'Oldentrinde'. De eardere herfoarme tsjerke wie oant de reformaasje oan Katarina fan Aleksanderje wijd.
Yn 1794 waard de tsjerke ferfongen troch in nije; ein 19e iuw barde dat nochris. Dy tsjerke wurdt hjoeddedei brûkt as doarpssintrum foar de doarpen Sonnegea en Aldetrine.
Der is in soad fean ôfgroeven yn dizze streek.
Súdeast fan Aldetrine kin mei in kabelpont foar fuotgongers en fytsers de Linde oerstutsen wurde rjochting Oldemarkt.
Mienskip
It doarpssintrum is yn 'e mande mei Sonnegea en underbrocht yn de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine. Sonnegea-Aldetrine hat in histoaryske wurkgroep.
Skoalle
De mienskiplike iepenbiere basisskoalle mei Sonnegea hjit De Lantscheene, dat lângrins of doarpsgrins betsjut. Yn 2023 makke de gemeente bekend dat fanwegen brek oan bern de skoalle sletten wurdt.[3][4]
Befolkingsferrin
Jier | 1910 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2007 | 2013 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 439 | 155 | 144 | 137 | 130 | 180 | 209 | 245 |
Berne
- Herman Wesstra (1843-1911), arsjitekt
- Hanneke de Jong (1952-), skriuwster
Publikaasje
- Jan Boonstra, Henk Spijker, Grietje Postma: "Sonnega-Oldetrijne"
Strjitten
De Meenthe, De Weeren, Tsjerkhofsleane, Pieter Stuyvesantwei, Sonnegeawei.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.