Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sonnegea (Stellingwerfsk: Sunnege) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, krekt súdwest fan Wolvegea. It doarp foarmet mei it twillingdoarp Aldetrine in lang lintdoarp.
Sonnegea | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 240 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Befolkingsticht. | 5,99 km², wêrfan: - lân: 5,93 km² - wetter: 0,06 km² | |
Stêdekloft | 41 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8578 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' N 5° 57' E | |
Offisjele webside | ||
Side sonnegea-Aldetrine | ||
Kaart | ||
Sonnegea hat 240 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Wis is dat der yn de 15e iuw al in tsjerkje stie. Oft der doe ek al in klokkestoel wie is net bekend. De tsjerke waard yn 1722 tekene troch Jacob Stellingwerf en nei alle gedachten yn de twadde helte fan de 18e iuw ôfbrutsen.
Jacob Noteman út Ljouwert hie yn 1644 in nije klok getten. Dy klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers foardere en omraand. Nei de oarloch sammele de befolking jild yn foar it jitten fan in nije klok. Oant 1989 stie op it tsjerkhôf in izeren klokkestoel út 1912, dy't doe in houten klokkestoel út 1858 ferfong. Yn 1989 waard de hjoeddeiske houten klokkestoel boud. Ek waard doe in nije klok getten.
It doarpssintrum is yn 'e mande mei Aldetrine en underbrocht yn de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine. Sonnegea-Aldetrine hat in histoaryske wurkgroep.
De mienskiplike skoalle mei Aldetrine hjit De Lantscheene, dat lângrins of doarpsgrins betsjut. De iepenbiere skoalle stiet yn Aldetrine. Yn 2023 makke de gemeente bekend dat fanwegen brek oan bern de skoalle sletten wurdt.[3][4]
It doarp hat in maneezje mei de namme "Caprilli". Om de twa jier wurdt de grutte Stuyvesant-Kuiertocht holden.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2007 | 2013 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 210 | 335 | 312 | 296 | 284 | 249 | 243 | 236 | 245 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.