3 july is de 184e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 185e). Der folgje noch 181 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 july | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
Foarfallen
- 1428 - Mei de Soen fan Delft komt in ein oan de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen, dy't yn 1349 begûnen.
- 1504 - It Hof fan Fryslân sprekt op oanstean fan Joaris mei it Burd, de hartoch fan Saksen en hear fan Fryslân, tenei rjocht nei de saneamde Saksyske Ordonnânsje. Dêrmei rekket it Frysk rjocht yn ûnbrûk.
- 1623 - Claes Michielsz Bontenbal wurdt yn Rotterdam ûnthalze, foar syn oandiel yn in gearspanning tsjin 'e Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau.
- 1767 - De âldste (tsjintwurdich noch besteande) krante fan Noarwegen, Adresseavisen, ferskynt foar de earste kear.
- 1844 - It lêste pearke grutte alken wurdt deamakke op it eilân Eldey foar de kust fan Iislân.
- 1863 - Ein fan 'e Slach by Gettysburg, it bloedichste treffen fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch.
- 1886 - Karl Benz yntrodusearret yn Dútslân de earste auto mei in benzinemotor.
- 1890 - Idaho wurdt as 43e steat talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1903 - De earste edysje fan it Frysk Deiblêd komt út.
- 2005 - Fiering 750-jierrich bestean Kaliningrad.
Berne
- 1423 - kening Loadewyk XI fan Frankryk († 1483)
- 1608 - keizer Ferdinand III fan it Hillige Roomske Ryk († 1657)
- 1879 - Alfred Korzybski, Poalsk-Amerikaansk taalkundige († 1950)
- 1883 - Franz Kafka, Tsjechysk skriuwer († 1924)
- 1896 - Peter Bonnet, Frysk ûnderwizer en keunstsamler († 1979)
- 1922 - Corneille, Waalsk keunstskilder († 2010)
- 1924 - Loek Caspers, Nederlânsk fersetsstrydster († 2019)
- 1937 - Tom Stoppard, Tsjechysk-Ingelsk toanielskriuwer
- 1943 - Judith Durham, Australysk sjongeres († 2022)
- 1962 - Tom Cruise, Amerikaansk akteur en regisseur
- 1973 - Mimi Miyagi, Filipynsk-Amerikaansk pornoaktrise en politika
- 1976 - Blondie, Russysk pornoaktrise
- 1996 - Molly Sandén, Sweedsk sjongster
Ferstoarn
- 1642 - Marije de' Medici, keninginne-gemalinne en regintesse fan Frankryk (* 1575)
- 1863 - Lytse Krie (Little Crow), opperhaad fan 'e Eastlike Dakota (* 1810)
- 1909 - Thomas McDougall, Amerikaansk militêr (* 1845)
- 1934 - Hindrik fan Meklenburch-Schwerin, prins-gemaal fan Nederlân (* 1876)
- 1935 - André Citroën, Frânsk autofabrikant (* 1878)
- 1966 - Kees Boeke, Nederlânsk pedagooch (* 1884)
- 1971 - Jim Morrison, Amerikaansk sjonger (* 1943)
- 1996 - Pim Jacobs, Nederlânsk pianist en presintator (* 1937)
- 2008 - Jan Charisius, Frysk hurdfytser, hurdrider en sportbestjoerder (* 1926)
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 july | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.