Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan Willem Peter Charisius (Ljouwert, 30 septimber 1926 – Fagernes, 3 july 2008) wie in Frysk hurdfytser, reedrider en sportbestjoerder.
Charisius wie tusken 1948 en 1955 in hurdfytser dy't benammen by wedstriden yn Fryslân in soad prizen wûn. Sa waard hy fjouwer kear provinsjekampioen. Mear noch as by it hurdfytsen boekte Charisius súkses yn it langebaanriden. In 1951 waard hy tredde op it Nederlânsk kampioenskip Oer Alles, efter Kees Broekman en Gerard Maarse, en sechtjinde op it Jeropeesk kampioenskip Oer Alles. Hy die mei oan de Olympyske Winterspullen 1952, mar foel op de 500 meter, de ienige ôfstân dêr't hy op útkaam. Yn 1954 finishte hy as tredde yn de Alvestêdetocht.
Nei syn aktive sportkarriêre beklaaide Charisius ferskate funksjes yn de sport. Op de Olympyske Spullen fan 1964 en 1968 wie hy chef d’equipe fan de hurdridersploech. Dêrnei waard hy hurdrydskiedsrjochter. Hy wie tusksen 1971 en 1998 oanwêzich yn dizze funksje by EK, WK of Olympyske Spullen. Fan 1982 oant 1999 makke hy diel út fan it deisich bestjoer fan de KNSB. Oant 2007 wie hy as foarsitter fan de rekordkommisje fan it reedridersbûn. Charisius wie earelid fan it ridersgewest Fryslân, de KNSB en de Ynternasjonale Ridersuny.
Hy ferstoar yn 2008 by in fakânsje yn Noarwegen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.