1959 is in gewoan jier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1959.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1950-er jierren.
- 1 jannewaris - De Kubaanske Revolúsje wurdt foltôge: kommunistyske rebellen ûnder lieding fan Fidel Castro nimme de Kubaanske haadstêd Havana yn. Diktator Fulgencio Batista nimt de wyk nei de Feriene Steaten.
- 2 jannewaris - De Sovjet-Uny lansearret de romtesonde Lûnik 1, dy't as earste de moanne fan deunby ûndersykje sil.
- 3 jannewaris - It Territoarium Alaska wurdt as 49e en foarlêste steat (de Steat Alaska) talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1 febrewaris - It Amerikaanske bedriuw Texas Instruments freget oktroai oan op 'e útfining fan in 'miniaturisearre elektroanysk sirkwy', dat koartwei 'chip' neamd wurdt.
- 3 febrewaris - De Deis Dat de Muzyk Stoar: by in fleantúchûngemak te Clear Lake, yn Iowa, komme rock 'n rollstjerren Buddy Holly, Ritchie Valens en The Big Bopper (J.P. Richardson) om.
- 22 febrewaris - It Feriene Keninkryk, Grikelân en Turkije slute in oerienkomst oer de takomst fan Syprus. De trije lannen wurde it deroer iens dat it eilân net oansletten wurde sil by Grikelân, mar ynstee in ûnôfhinklike republyk wurde sil.
- 9 maart - Barbie, de pop fan Mattel, wurdt yntrodusearre.
- 10-21 maart - De Folksrepublyk Sina slacht de Tibetaanske Opstân del. De 14e Dalai Lama moat de wyk nimme nei Yndia, dêr't er yn Dharamsala in regear-yn-ballingskip oprjochtet.
- 23 maart - Yn Eindhoven rôlet de earste DAF persoane-auto fan 'e rinnende bân.
- april - Wettersneed yn Oerûguay: de Rio Negro oerstreamt. In grut diel fan it lân strûpt derûnder.
- 5 april - Earste útstjoering fan it programma Sport in Beeld op 'e Nederlânske tillefyzje, de foarrinner fan Studio Sport.
- 28 maaie - De Feriene Steaten lansearje in romtekapsule mei oan board de sjimpansee Ham.
- 2 july - Houlik fan prins Albert fan Belgje mei de Italjaanse donna Paola Ruffo di Calabria.
- 25 july - Christopher Cockerell stekt yn 2 oeren en 3 minuten it Kanaal oer mei de earste hovercraft.
- 31 july - Oprjochting fan 'e Baskyske Ofskiedingsbeweging Euskadi Ta Askatasuna, better bekend as de ETA.
- 13 septimber - De Lûnik 2 berikt as earste romtesonde de moanne en slacht yn by de krater Archimedes.
- 21 augustus - It Territoarium Hawaï wurdt as 50e en lêste Amerikaanske steat (de Steat Hawaï) opnommen yn 'e Feriene Steaten.
- 26 septimber - It Japanske haadeilân Honsjû wurdt troffen troch tyfoan Vera. Der komme 5.098 minsken om en 1,5 miljoen lju reitsje dakleas.
- 6 oktober - De Sovjet-romtesonde Lûnik 3 nimt de earste foto's fan 'e efterkant fan de moanne.
- 29 oktober - Astérix le Gaulois ferskynt, it earste fan in rige stripferhalen oer in Gallysk doarpke dat de Romeinen wjerstiet.
- 1 novimber - Yn 'e Belgyske koloanje Rûanda jout de oanfal fan etnyske Tûtsys op 'e Hûtû-politikus Dominique Mbonyumutwa oanlieding ta in pogrom fan 'e Hûtû-mearderheid tsjin 'e Tûtsy-minderheid dy't de Wyn fan Ferneatiging neamd wurdt. Dit is it begjin fan desennia fan ynteretnysk geweld yn Rûanda, dat yn 1994 syn hichtpunt berikke sil yn 'e Rûandeeske Genoside.
- 2 desimber - De Mapassetdaam, in keardaam yn súdlik Frankryk, bejout it. De resultearjende wetterfloed treft it plak Fréjus, dêr't 412 deaden falle.
- sûnder datum - Yn Nederlân wurdt it 500.000ste tillefyzjetastel ferkocht.
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
- jannewaris
- 16 - Fenny ten Bosch, Nederlânsk tennister (* 1935)
- 18 - Henri Koot, Nederlânsk kryptograaf en kryptolooch (* 1883)
- 21 - Cecil B. DeMille, Amerikaansk regisseur en filmprodusint (* 1881)
- 21 - Carl Switzer, Amerikaansk akteur (* 1927)
- febrewaris
- 3 - The Big Bopper, Amerikaansk sjonger en discjockey (* 1930)
- 3 - Buddy Holly, Amerikaansk sjonger (* 1936)
- 3 - Ritchie Valens, Amerikaansk sjonger (* 1941)
- 11 - Marshall Teague, Amerikaansk autokoereur (* 1922)
- 12 - George Antheil, Amerikaansk komponist (* 1900)
- maart
- 7 - Arthur Cecil Pigou, Ingelsk ekonoom (* 1877)
- 23 - Methodius Trčka, Tsjechysk geastlike en martelder (* 1886)
- april
- maaie
- 14 - Maria Antonia fan Braganza, Portegeesk prinsesse (* 1862)
- 14 - Sidney Bechet, Amerikaansk muzikant en komponist (* 1897)
- 15 - Alexander Forbes, Súdafrikaansk astronoom (* 1871)
- 17 - Jerry Unser, Amerikaansk autokoereur (* 1932)
- 29 - Boris Kowadlo, Poalsk-Nederlânsk fotograaf en fersetsstrider (* 1911)
- juny
- 15 - Hendrik van den Broek, Nederlânsk sjoernalist (* 1901)
- 22 - Leonard Roggeveen, Nederlânsk berneboekeskriuwer (* 1898)
- 30 - José Vasconcelos, Meksikaansk filosoof en politikus (* 1882)
- july
- augustus
- 1 - Jean Behra, Frânsk autokoereur (* 1921)
- 28 - Bohuslav Martinů, Tsjechysk komponist (* 1890)
- 29 - Karel Lotsy, Nederlânsk sportbestjoerder (* 1893)
- septimber
- 9 - Ramón Fonst, Kubaansk skermer (* 1883)
- oktober
- 6 - Balthasar van der Pol, Nederlânsk natuerkundige (* 1889)
- 7 - Mario Lanza, Amerikaansk operasjonger (* 1921)
- 16 - Henk Robijns, Nederlânsk biljerter (* 1883)
- 29 - Huib Wilton, Nederlânsk tennisser (* 1921)
- 31 - Schotto van Fridagh, Nederlânsk politikus (* 1878)
- novimber
- 2 - Douwe Tot, Skylger fisker en rêdingboatskipper (* 1886)
- 20 - Willem Wakker, Nederlânsk atleet (* 1879)
- 26 - Albert Ketèlbey, Ingelsk komponist, dirigint en pianist (* 1875)
- desimber
- datum ûnbekend