Star Wars: Episode VII – The Force Awakens
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Episode VII – The Force Awakens is in Amerikaanske science fiction-film út 2015 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it sânde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is gronologysk it ferfolch op Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi út 1983, hoewol't de lêst makke foargeande film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) wie, it lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Star Wars: Episode VII – The Foce Awakens wie de earste Star Wars-film dêr't Star Wars-betinker George Lucas net by belutsen wie. De film waard regissearre troch J.J. Abrams mei yn 'e haadrollen Daisy Ridley, John Boyega en Adam Driver. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VII – De Krêft Untwekket".
Star Wars: Episode VII The Force Awakens | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | J.J. Abrams | |
produsint | Kathleen Kennedy J.J. Abrams Bryan Burk | |
senario | Lawrence Kasdan J.J. Abrams Michael Arndt | |
basearre op | Star Wars fan George Lucas | |
kamerarezjy | Dan Mindel | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm Bad Robot Productions | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Daisey Ridley John Boyega Adam Driver | |
byrollen | Harrison Ford Peter Mayhew Oscar Isaac Carrie Fisher Lupita Nyong'o Mark Hamill | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 14 desimber 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 138 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $306 miljoen | |
opbringst | $2.069,5 miljoen | |
prizen | 1× Grammy Award 1× BAFTA 8× Saturn Award 5× Empire Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● foarich diel | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi |
De film spilet tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Ut 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk is de Earste Oarder opstien, dy't in nije diktatuer besiket te fêstigjen yn it Stjerrestelsel. Ferskate helden út 'e Galaktyske Boargeroarloch en lieders fan it âlde Rebelleferbûn hawwe it Ferset oprjochte om dat tsjin te kearen. Luke Skywalker, de lêste Jedi, is lykwols weiwurden, en it Ferset is iverich nei him op 'e siik om him foar de nije striid te rekrutearjen. De Earste Oarder is dêrfan op 'e hichte en wol dy syktocht dwerseidzje. Op 'e planeet Jakku reitsje de rommelsykster Rey, de fersetspiloat Poe Dameron en syn robot BB-8 en de desertearre stoarmtroeper Finn behelle yn 'e syktocht en de nije boargeroarloch.
Star Wars: Episode VII – The Force Awakens krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, hoewol't in protte resinsinten en bioskoopgongers it beskôgen as in remake fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De film ûntjoech him yn 'e bioskopen lykwols ta in aldertreflikst kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2015. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard nominearre foar fiif Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in Grammy Award, in BAFTA, acht Saturn Awards, fiif Empire Awards en ferskate oare prizen. It twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy kaam yn 2017 yn 'e bioskoop ûnder de titel Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi.