BB-8
From Wikipedia, the free encyclopedia
BB-8 (Ingelske útspr.: [ˈbiːbiː ˈeːt], likernôch: "bii-bii eet") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. It is in wyt-mei-oranjekleurige robot mei in bolfoarmich 'lichem' en in frij bewegende, koepelfoarmige 'holle'. It is ien fan 'e protagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. BB-8 waard betocht troch J.J. Abrams, de regisseur en ien fan 'e senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. It is in astromeganisiênrobot dy't eigendom is fan Poe Dameron, in piloat fan it Ferset. It personaazje waard yn alle trije film fertolke troch sawol in marionet as in radiografysk bestjoerde roboatyske ienheid. De yntroduksje fan BB-8 waard tige goed ûntfongen troch sawol filmkritisy as fans, en hy ûntjoech him yn koarte tiid ta ien fan 'e populêrste personaazjes út Star Wars.
BB-8 personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | gjint | |
soarte personaazje | robot | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | astromeganisiên | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Poe Dameron Rey Finn Chewbacca D-O | |
geastlike heit | J.J. Abrams Neal Scanlan | |
ûntstean | 2015 |