Rebelleferbûn (Star Wars)
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Rebelleferbûn (Ingelsk: Rebel Alliance), eins it Ferbûn foar de Weroprjochting fan 'e Republyk (Alliance to Restore the Republic), is in fiktive ynterstellêre fersetsbeweging út 'e Star Wars-franchise. De organisaasje waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It Rebelleferbûn is yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy in koälysje fan dissidinten, revolúsjonêre faksjes en wapene guerriljagroepen dy't har oankantsje tsjin it skrikbewâld fan keizer Palpatine en syn Galaktysk Keizerryk. Harren doel is de weroprjochting fan 'e Galaktyske Republyk, dat in demokratysk, federaal steatsferbân wie. Yn 'e oarspronklike filmtrilogy is it Rebelleferbûn ien fan 'e beide protagonistyske groepen, yn 'e mande mei de dan fierhinne útrûge Jedi Oarder.
Rebelleferbûn | |
---|---|
ûnderdiel fan Star Wars | |
flagge | wapen |
lokaasje en geografy | |
lokaasje | "yn in Stjerrestelsel fier, fier fuort" |
polityk | |
type org. | fersetsbeweging |
steatshaad | Mon Mothma as kânselier |
offisjele taal | Basaalsk (Basic) |
oprjochting | 5 f.Sl.Y. (begjin striid) of 2 f.Sl.Y. (formele proklamaasje) |
opheffing | 5 n.Sl.Y. |
weroprjochte as | Ferset |
weroprjochte | 28 n.Sl.Y. |
sifers | |
sterkte | 100.000 man[1] |