Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi is in Amerikaanske science fiction-film út 2017 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it achtste diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it direkte ferfolch op Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, út 2015. Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard regissearre troch Rian Johnson mei yn 'e haadrollen Daisy Ridley, Mark Hamill, John Boyega, Adam Driver en Oscar Isaac. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VIII – De Lêste Jedi".
Star Wars: Episode VIII The Last Jedi | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Rian Johnson | |
produsint | Kathleen Kennedy Ram Bergman | |
senario | Rian Johnson | |
basearre op | wurk fan George Lucas | |
kamerarezjy | Steve Yedlin | |
muzyk | John Williams | |
filmstudio | Lucasfilm | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Daisy Ridley Mark Hamill John Boyega Adam Driver Oscar Isaac | |
byrollen | Domhnall Gleeson Kelly Marie Tran Carrie Fisher Joonas Suotamo Laura Dern Andy Serkis Benicio del Toro Frank Oz | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 desimber 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk (ek guon optochte talen) | |
spyltiid | 152 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $200–317 miljoen | |
opbringst | $1.332,7 miljoen | |
prizen | 3× Saturn Award 5× Empire Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Skywalker Saga | |
● foarich diel | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | |
● folgjend diel | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker |
De film giet fierder dêr't Star Wars: Episode VII – The Force Awakens einige. De Krêftgefoelige jonge frou Rey hat Luke Skywalker berikt, de lêste Jedi-master, en besiket him oer te heljen mei har werom te gean, yn 'e hope dat er it wifkjende Ferset nij fjoer jaan kin yn 'e striid tsjin 'e faksistoïde Earste Oarder. Skywalker is dêr lykwols net botte happich op. Underwilens binne de lêste leden fan it Ferset, ûnder wa Finn, Poe Dameron en generaal Leia Organa, op 'e flecht foar de float fan 'e Earste Oarder ûnder lieding fan Kylo Ren en generaal Hux. Finn en in monteur, Rose Tico betinke in riskant plan om 'e efterfolgers ôf te skodzjen.
Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2017. Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard nominearre foar fjouwer Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in trije Saturn Awards en fiif Empire Awards. It trêde en ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy kaam yn 2019 yn 'e bioskopen ûnder de titel Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker. Nei har hommels ferstjerren yn desimber 2016 waard Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi opdroegen oan 'e neitins fan aktrise Carrie Fisher.