From Wikipedia, the free encyclopedia
Yavin, ek wol Yavin-Primus neamd ta ûnderskie fan syn moannen, is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise. It is in reade gasreus dy't ûngaadlik is foar bewenning, mar it hat gâns in satellytsysteem fan teminsten 23 ûnderskate moannen. De fjirde moanne, Yavin-IV (ek skreaun as Yavin-4), hat in soerstofrike atmosfear en in ryk plantelibben. Yavin-IV wurdt yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) út 'e romte wei werjûn as in blauwe en griene, op 'e Ierde lykjende wrâld, wylst bylden op it oerflak in wielderich, mei tropysk oerwâld begroeid gebiet sjen litte. De opnamen fan 'e sênes op Yavin-IV fûnen plak by de Maya-ruïnestêd Tikal, yn Gûatemala.
Yn 'e Star Wars-franchise waarden Yavin en Yavin-IV it alderearst yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, krapoan in jier foàr de film. Yn it boek en de film hat it Rebelleferbûn, dat foar frijheid en demokrasy yn it Stjerrestelsel fjochtet, op Yavin-IV syn geheime haadkertier fêstige yn 'e ruïnes fan 'e âlde Massassi-beskaving. It Galaktysk Keizerryk, dat de rebellen útrûgje wol, besiket de lokaasje fan harren haadkertier te ûntdekken mei marteling en genoside, mar úteinlik wurket in âlderwetske snoade list noch it bêste.
Nei't de jonge Jedi Luke Skywalker en syn selskipslju Han Solo en Chewbacca de Deadsstjer ynfiltrearre hawwe, dat in Keizerlik romtestasjon en massaferneatigingswapen is, lit de kommandant fan it stasjon, grut-moff Tarkin, harren mei de befrijde prinsesse Leia ûntsnappe nei't er Han syn romteskip, de Millennium Falcon, fan in folchstjoerderke foarsjoen hat. Leia lit Han koers sette nei de rebellebasis en sa ûntdekt Tarkin dat dy op Yavin-IV fêstige is. Hy folget de Millennium Falcon dêrhinne en risselwearret om 'e hiele moanne te ferneatigjen, mar de rebellen, dy't fan Leia de blaudrukken fan 'e Deadsstjer ûntfongen hawwe, sette de oanfal yn op 'e Deadsstjer. Dêrby wit Luke mei in presysjeskot in swak punt yn it ûntwerp fan it romtestasjon te reitsjen, wat in keatlingreäksje op gong bringt dy't ta de ûntploffing fan 'e hiele Deadsstjer liedt. Neitiid ferlitte de rebellen harren basis, wêrfan't de lokaasje no bekend is, om in oar hinnekommen te sykjen op 'e iisplaneet Hoth.
De útkomst fan 'e Slach by Yavin is de earste grutte oerwinning dy't de rebellen yn 'e striid tsjin it Keizerryk behelje. Yn 'e gronology fan 'e Star Wars-franchise wurdt ornaris gebrûk makke fan in tiidrekkening dy't basearre is op dy oerwinning. Men skriuwt dan "f.Sl.Y." ("foar de Slach by Yavin"; Ingelsk: BBY, Before the Battle of Yavin) en "n.Sl.Y." ("nei de Slach by Yavin"; Ingelsk: ABY, After the Battle of Yavin).
Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016), dy't koart foàr de foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope spilet, rekket de jonge Jyn Erso behelle yn 'e opstân tsjin it Galaktysk Keizerryk. Hja wurdt nei it haadkertier op Yavin-IV brocht, dêr't se ferskate lieders fan it Rebelleferbûn moetet, ûnder wa Mon Mothma, kening Bail Organa fan Alderaan en generaal Jan Dodonna. Neitiid jout Jyn har by de kommando-ienheid fan 'e rebellen dy't derop útgiet om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer te stellen. Sa wurde yn dizze prequelfilm de kaarten skodde foar it ferfolch fan it ferhaal yn A New Hope.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.