From Wikipedia, the free encyclopedia
Tuitjenhorn is in doarp yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. It is in agrarysk doarp en leit justjes noardlik fan Warmenhuizen. It doarp wie it haadplak fan de yn 2013 ophefte gemeente Harenkarspel. Under it doarp falle de buorskippen Kalverdijk, Kerkbuurt en Zijbelhuizen.
Tuitjenhorn | ||
Tsjerke fan Tuitjenhorn | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Skagen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.880 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N245 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 44' N, 4° 45' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Tuitjenhorn yn de eardere gemeente Harenkarspel |
Tuitjenhorn hat 3.880 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Tuitjenhorn ûtstie mooglik om 1000 n.Kr. hinne. Yn 'e omkriten wiene ferskate lytse terpkes. Tuitjenhorn ûntsie by in dyk del, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd bestiet. Tuitjenhorn en de buorskip Zijbelhuizen woeksen it haaddoarp Heringcarspel (Harenkarspel), it hjoeddeistige Kerkbuurt, foarbij.
It doarp waard foar it earst neamd 1280-1287 as Tutinghehorne, yn 1289 as Tutinchorne, yn 1338 as Tutingehorne, yn 1343 as Oytetshorne, 1395-1396 as Tutinghorn, yn 1421 as Tuijtgenhorn, yn 1665 as Tuetin horn en 1680 as Tuytgenhorn. De namme is mooglik in gearstalling fan horn (hoeke, útpûljend stik lân of útspringende bocht, te ferlykjen mei it Fryske "herne") en in earste part, dat ôflaat is fan in toponym Tutinghe, in ôflieding mei it taheaksel -ing fan toet, tuit, in stik lân mei in spitsich ein, of fan 'e persoanenamme Tuto en bestjut dan "lju fan Tuto".[2]
De katolike tsjerke mei Sint-Kristina as patroanhillige stie doe al yn Harenkarspel. Yn Harenkarspel gie de tsjerke nei de Reformaasje oer nei de protestanten en waard yn 1923 ôfbrutsen. De katolike tsjerke fan Tuitjenhorn, wijd oan de hillige Jakobus de Meardere waard yn 1858 yn gebrûk nommen. In soad materiaal en ek it oargel waard út in earder gebou helle en fannijs brûkt. Yn 1874 krige de tsjerke in nij oargel fan L.S. Ypma.[3]
Tuitjenhorn wie oant 2013 it haadplak fan de gemeente Harenkarspel, dy't doe fusearre mei de gemeenten Skagen en Zijpe ta de nije gemeente Skagen.
In bynamme fan de doarpen Warmenhuizen en Tuitjenhorn is Waarmetuut.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.