Tori Bowie

From Wikipedia, the free encyclopedia

Tori Bowie

Frentorish (Tori) Bowie (Sand Hill, Mississippi, 27 augustus 1990 - Winter Garden, Floarida, 23 april 2023) wie in Amerikaansk atlete, dy't útkaam op de sprint en it fierspringen. Sy had ienris meidien oan de Olympyske Simmerspullen en had doe trije medailjes wûn.

Fluch de feiten
Tori Bowie
sporter
Thumb
Tori Bowie (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrentorish Bowie
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum27 augustus 1990
berteplakSand Hill
stjerdatum23 april 2023
stjerplakWinter Garden
lingte1.75 m
gewicht58 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielsprinten,
fierspringe
trenerLance Brauman
earste titelAmerikaanske kampioenskippen, 2015, 100 m
O.S.Rio de Janeiro 2016
debút2014
karriêre-ein2022
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2016
1x sulver Olympyske Spullen 2016
1x brûns Olympyske Spullen 2016,
2x goud Wrâldkampioenskippen 2017
1x brûns Wrâldkampioenskippen 2015
Slute

Karriêre

By har ynternasjonale debút, op de wrâldindoorkampioenskippen yn 2014 yn Seoel, einige Bowie as trettjinde en lêste yn de kwalifikaasje fan it ferspringen. Yn de simmer fan 2014 bruts de Amerikaanske troch op de 100 en de 200 m mei fjouwer Diamond League oerwinningen, trije op de 100 meter en ien op de 200 m.

Yn 2015 behele Bowie by de wrâldkampioenskippen yn Peking mei in tiid fan 10,86 wûn se in brûnzen medalje op de 100 meter sy finishte efter de Jamaikaanske Shelly-Ann Fraser-Pryce (goud; 10,76) en de Nederlânske Dafne Schippers (sulver; 10,81).

In jier letter helle Bowie op de Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro in sulveren medalje op de 100 meter, brûns op de 200 meter, en in gouden gouden gouden medalje op de 4 x 100 m estafette. Tegearre mei Tianna Bartovimber, Allyson Felix en English Gardner.

Yn 2017 wûn se in gouden medalje op de 100 meter by de Wrâldkampioenskippen yn Londen, Foar de Ivoriaanske Josée Ta Lou (sulver; 10,86) en de Nederlânske Dafne Schippers (brûns; 10,96).

Tori Bowie ferstoar op 23 april 2023, yn 'e aldens fan 32 jier, yn it kreambêd nei komplikaasjes by de befalling.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.