Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Thomas Hill (Birmingham, Ingelân, 11 septimber 1829 - Raymond (Kalifornje), 30 juny 1908) wie in Ingelsk-Amerikaansk keunstskilder dy't loswei ferbûn wie mei de romantyske Hudson River School. Hill makke in protte lânskipsskilderijen fan Kalifornje - benammentlik de Yosemite Valley - en fan de White Mountains fan New Hampshire.
Thomas Hill waard op 11 septimber 1829 yn Ingelân berne. Doe't er fyftjin wie emigrearre er mei famylje nei de Feriene Steaten. De famylje festige him yn Taunton (Massachusetts). Thomas Hill boaske oan Charlotte Elizabeth Hawkins yn 1851 en tegearre krigen se njoggen bern.
Doe't Hill 24 wie sette er út ein mei jûnslessen oan de ferneamde Pennsylvania Academy of the Fine Arts, dêr't er les krige fan de keunstskilder Peter F. Rothermel. Yn syn studintejierren reizge Hill mear as ien kear nei de White Mountains yn Nij Hampshire om dêr mei oare leden fan de Hudson River School, lykas syn freon Benjamin Champney, nei de natuer te sketsen. Yn 1856 ferfear Thomas Hill mei de húshâlding nei San Fransisko (Kalifornje). Hill besocht de Yosemite Valley foar it easrt yn 1865 beselskippe fan de skilder Virgil Williams en fotograaf Carleton Watkins. Letter soe er noch ferskate reizen meitsje nei Yosemite, de fulkaan Mount Shasta en de White Mountains om ynspiraasje foar syn keunstwurken op te dwaan. Op kommisje fan John Muir reizge er sels nei Alaska.
Yn 1866 besocht Hill de Amerikaanske eastkust en Jeropa. Hy festige him fannijs oan de eastkust, mar gie faak werom nei de westkust om dêr te sketsen. Hy gie dêr ek nei gearkomsten fan de San Francisco Art Association bij. Hill en syn húshâlding ferhuzen yn 1873 foar de twadde kear nei Kalifornje. Hill hold in keunstgalery en -winkel yn it wurk en wie in skofte ynterim-foarsitter fan de SFAA School of Design. Hy kaam troch de tiid fan sawol syn keunst as ek fan ynvestearrings op de beurs.
Oan de ein fan syn libben hie Hill in atelier yn it Wawona Hotel yn Yosemite. Nei in beroerte ferliet Hill Yosemite en sette er ôf nei de Kalifornjyske kust. Hy stoar op 30 juny 1908 in Raymond (Kalifornje) en waard beïerdige op Mountain View Cemetery yn Oakland.
In kar:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thomas Hill fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.