Birmingham
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Birmingham is de op ien nei grutste stêd fan Ingelân, mei likernôch 1.000.000 ynwenners. Yn de stêdekloft wenje likernôch 2,6 miljoen. De stêd leit yn it noardwesten fan Ingelân.
Birmingham | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | West-Midlands | |
Ser. greefskip | West-Midlands | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.016.800 (2008) | |
Oerflak | 267,77 km² | |
Befolkingsticht. | 3.739 / km² | |
Stêdekloft | 2.284.093 | |
Hichte | 140 m | |
Oar | ||
Stifting | 7e iuw | |
Simmertiid | GMT (UTC 0) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.birmingham.gov.uk/ |
Yn de omkriten fan Birmingham binne fynsten fûn út de Brûnstiid. Yn de iere 7e iuw wie it in Angelsaksyske boeredoarpke oan de iggen fan it rivierke Rea. De namme Birmingham komt fan "Beorma inga ham", dat 'buorkerij fan de soannen (of neisieten) fan Beorma' betsjut. Birmingham wurdt foar it earst neamd yn it Domesday Book fan 1086 as in lyts doarp dat mar 20 shillings wurdich is. Farianten fan de namme binne ûnder oaren Brummagem en Bermingeham.
Birmingham wie yn de midsiuwen in middelgrut merkplak, mar yn de 18e iuw groeide de stêd út ta in ynternasjonaal wichtich plak. Birmingham waard doe it sintrum fan de Britske metaalyndustry en fan de "Black Country", sa neamd nei de altyd rikjende skoarstiens du't dêr konsintrearre wienen yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje. Birmingham roan ek foarop op it mêd fan wittenskip en organisaasje fan de yndustry en stie sa oan de widze fan de moderne yndustrieële maatskippij. Yn 1791 waard de stêd priizge as "the first manufacturing town in the world".
Lykas oare stêden yn de regio, sa as Wolverhampton, Dudley en Coventry, is Birmingham no in sintrum foar de tsjinstferlienende sektor, mei futuristyske heechboukantoaren. Hoe't it gbiet der eartiids hinne lei is noch in bytsje nei te gean yn it Black Country Museum, dat in oantal autentike huzen en ambachtlike bedriuwkes, dêr't it eartiids fan op tilde, sjen lit.
Yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje bloeiden Birmingham en omkriten op. De fabriken produsearren swurden, kanon, pistoalen, oerwurken, sieraden, spoarweinen en stoommasines. Hoewol't Birmingham mear as 100 kilometer fan see ôf leit, waarden dêr sels skippen boud. De foarfabrisearre dielen waarden oan de kust yn elkoar set.
Yn 1836 waard it earste filiaal fan de Midland Bank iepene. Dat waard ien fan de grutste banken fan it lân. Tsjintwurdich is de Midland Bank in part fan it HSBC-konsern. Oant 2003 waarden yn de Birmingham Mint munten slein; it is de âldste ûnôfhinklike Munt yn de wrâld. Birmingham is in sintrum fan de bieryndustry en de sûkelarjeyndustry. Teffens wurde dêr auto's fan de MG Rover Group boud.
Hoewol't de yndustry noch altyd fan belang is, wurdt dy stadichoan troch de tsjinstesektor foarby stribbe. De finansjele sektor en it toerisme wurde ek hieltyd wichtiger foar Birmingham. De stêd wurdt jierliks troch miljoenen toeristen besocht, en hat nei West End yn Londen de bêste winkelsintrums fan it lân. It stedsbyld, ea behearske troch mânske grauwe yndustrykompleksen, is yn de lêste jierren tige opknapt.
Birmingham syn trije universiteiten en twa universiteitskolleezjes meitsje dat it ek it twadde sintrum fan belang foar it heger ûnderwiis yn dit FK is, nei Londen. Kulturele ynstituten sa as it City of Birmingham Symphony Orchestra, it Birmingham Royal Ballet en it Barber Institute of Fine Arts, drage harres by oan de ynternasjonale reputaasje fan de stêd.
Birmingham hat twa fan de âldste en meast foaroansteande fuotbalklups fan de Premier League, nammentlik Aston Villa (oprjochte yn 1874) en Birmingham City (oprjochte yn 1875). De klup West Bromwich Albion komt út ien fan de foarstêden. It earste profesjonele fuotbalbûn fan Ingelân waard op 22 maart 1885 oprjochte yn Aston.
Birmingham is ek it sintrum fan de Britske atletyk. Yn 2003 waarden dêr de wrâldkampioenskippen indoor atletyk holden en yn 2007 wiene dêr de Europeeske kampioenskippen indoor atletyk. Oare sporten mei in soad leafhawwers binne golf, rugby, basketbal, boksen, cricket, hockey en badminton.
Birmingham wurdt faak Brum neamd (ôflaat fan de âlde namme Brummagem), en de ynwenners, dy't in karakteristyk Ingelsk dialekt prate, hjitte Brummies. It is ien fan de meast multikulturele stêden fan it Feriene Keninkryk. In grut part fan de befolking komt út it Karibysk Gebiet, fan it Yndiaaske subkontinint of út Ierlân. Neffens de folkstelling an 2001 heart 29,7% fan de ynwenners ta in etnyske minderheid. Yn Birmingham wenje nei Jamaika de measte rastafarys fan de wrâld, en de stêd hat ek de op twa nei grutste optocht fan Sint-Patricksdei, nei dy yn Dublin en New York.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.