Steve Harris

From Wikipedia, the free encyclopedia

Steve Harris
Remove ads

Stephen Percy (Steve) Harris (Leytonstone, 12 maart 1956) is in Ingelsk bassist. Hy is bekend as de bassist en oprjochter fan Iron Maiden. Steve Harris is de heit fan sjongeres Lauren Harris en gitarist George Harris.

Fluch de feiten
Remove ads

Karriêre

Steve Harris begûn syn karriêre yn de band Gypsy's Kiss. Hy waard dêrnei lid fan Smiler. Hy ferliet dy band yn 1975 om't dy gjin ynteresse hie yn Steve syn selsskreaune materiaal en net te sprekken wiene oer syn aktive omspringende hâlding op it poadium. Rûn krysttiid 1975 rjochte Harris dêrom syn eigen band op; Iron Maiden neamd.
Oant hjoed-de-dei, is Steve Harris de driuwende krêft efter Iron Maiden: hy skreau sa'n fjouwer-fiifde fan alle nûmers. Behalve as bassist en komponist nimt er ûnderwilens ek plak yn de stoel fan ko-producer by de Iron Maiden albums. Yn de studio spilet er ek de toetsepartijen dy't yn guon nûmers foarkomme yn.

Remove ads

Priveelibben

Steve Harris waard berne yn Leytonstone, Ingelân, it Feriene Keninkryk, dêr't er opgroeide en de ambysje hie om proffuotballer te wurden. Harris waard scout troch West Ham United, dêr't hy by de jeugd fuotballe hat. Mar nei't er yn syn iere tienerjierren de rockmuzyk ûntduts, realisearre er him dat er dochs net proffuotballer wurde woe. Harris hat twa kear boaske west en hat út syn earste houlik fjouwer bêrn, en twa bêrn mei syn twadde frou.

Remove ads

Diskografy

Albums

Mear ynformaasje Album, Utbrocht op ...

As gastmuzikant

Mear ynformaasje Single(s), Album ...

Boarnen, noaten en referinsjes

Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads