Standing Rock Sû Stamme

From Wikipedia, the free encyclopedia

Standing Rock Sû Stamme

De Standing Rock Sû Stamme (Ingelsk: Standing Rock Sioux Tribe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steaten Noard-Dakota en Súd-Dakota.

Fluch de feiten
Standing Rock Sû Stamme
IngelskStanding Rock Sioux Tribe
flagge
Thumb
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Noard-Dakota
Súd-Dakota
haadkertierFort Yates (Noard-Dakota)
etnisiteitWestlike Dakota, Lakota
ledetal16.000 (2013)
oprjochting1868
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatStanding Rock Yndianereservaat
lokaasjesúdlik Noard-Dakota en
   noardlik Súd-Dakota
oerflak9.251,2 km²
ynwennertal8.300 (2000)
offisjele webside
www.standingrock.org
kaart
Thumb
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Noard-Dakota.
Slute

Algemien

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 16.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Fort Yates, yn Noard-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux), foar it meastepart Westlike Dakota fan 'e Opper-Janktonai substamme fan 'e Janktonai, mei in lytsere groep Lakota fan 'e Hûnkpapa-stamme. De Standing Rock Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

Reservaat

It reservaat fan 'e Standing Rock Sû Stamme is it Standing Rock Yndianereservaat (Standing Rock Indian Reservation) fan súdlik Noard-Dakota en noardlik Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan rom 9.250 km², en dêr't yn 2000 likernôch 8.300 minsken libben. De Westlike Dakota wenje foar it meastepart yn it Noarddakotaanske diel fan it reservaat, en de Lakota wenje frijwol allegear yn it Súddakotaanske diel.

Oarspronklik makke it Standing Rock Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat, dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Standing Rock ien wie.

De oarspronklike súdgrins mei it Cheyenne River Yndianereservaat lei oan 'e Grand River, mar yn 1909 waard troch de Amerikaanske oerheid in stripe lân súdlik dêrfan oerhevele fan Cheyenne River nei Standing Rock.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.