Spiltiid
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Spiltiid is in lienfertaling fan 'e troch de Dútske teolooch Karl Jaspers betochte term Achsenzeit, dy't troch godstsjinstwittenskippers en teologen brûkt wurdt om 'e perioade fan likernôch 800 oant 200 f.Kr. oan te tsjutten. Dat tiidrek foel gear mei de trêde evolúsje fan de Aldheid, en foarme it begjin fan 'e Klassike Aldheid. Yn 'e Spiltiid kamen der yn alle religyen fan 'e grutte beskavings fan 'e wrâld nije systemen en ideeën op, dy't oant yn dizze tiid in krúsjale rol spylje. It ûntstean dêrfan hong gear mei de feroarjende sosjale en ekonomyske omstannichheden, mar om redens dy't hjoed de dei noch altyd net folslein begrepen wurde, makken yn dy tiid alle wichtige beskavings inselde ûntjouwing troch, sels as se gjin ûnderlinge kontakten ûnderholden, lykas Sina en Jeropa.
Elts fan dy beskavings ûntwikkele syn eigen oplossings foar de swierrichheden dy't ûntstiene doe't de hannel en dêrtroch de wolfeart en sadwaande ek it materialisme tanaam mei as gefolch dat de befolking fan 'e stêden foar it earst yn 'e skiednis fluch begûnen te groeien. En oeral bestie de oplossing út in sosjale ideology fan morele en etyske noarmen en wearden.
Sa ûntstiene yn Sina it taoïsme (±570 f.Kr.) en it konfusianisme (±510 f.Kr.). Yn Yndia ûntwikkelen har it boedisme (±525 f.Kr.), it jaïnisme (±500 f.Kr.) en it ûpanisjadyske brachmanisme (±500 f.Kr.) út it âldere, vedyske hindoeïsme. Yn it Midden-Easten ûntstie it soroästrisme (±600 f.Kr.) en kaam ek it klassike joadendom (±550 f.Kr.) ta stân út 'e jahwistyske kultus fan 'e Israelityske profeten. En yn Jeropa ûntjoech him it filosofyske rasjonalisme (±400 f.Kr.) fan Plato en Aristoteles. Lettere religieuze herfoarmers ûntlienden harren ideeën foar in tige grut part oan dizze Spiltiid-ideologyen, sadat ek de kaarten foar it kristendom, de islaam en oare lettere godstsjinsten yn dy tiid al skodde waarden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.