Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Skotsk-Ingelsk (Skotsk-Ingelsk: Scottish English) is de gongbere oantsjutting foar de taalfarianten fan 'e Ingelske taal sa't dy yn it Britske lânsdiel Skotlân sprutsen wurde. De wichtichste fariëteit stiet bekend as it Standert-Skotsk-Ingelsk (Standard Scottish English) of ek wol as it Skotsk Standertingelsk (Scottish Standard English), ôfkoarte ta SSE. Dat is it karakteristike spraakgebrûk fan 'e Ingelske taal troch de befolking fan Skotlân en de akseptearre noarm yn it ûnderwiis dêre, en kin sadwaande beskôge wurde as de de facto offisjele taal fan Skotlân.
Skotsk-Ingelsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Scottish English | |
lânseigen yn | Grut-Brittanje | |
tal sprekkers | 4,5 miljoen (2011) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Angelsaksysk ● Ingelsk ● Skotsk-Ingelsk | |
dialekten | Heechlânsk-Ingelsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | ● Grut-Brittanje: ● Skotlân (de facto) | |
erkenning as minderheidstaal | (gjin erkenning) |
It Skotsk-Ingelsk moat net betize wurde mei it Skotsk, dat in selsstannige mar nau oan it Ingelsk besibbe Westgermaanske taal is, noch mei it Skotsk-Gaelysk, de Keltyske taal dy't noch troch in lytse minderheid fan 'e Skotske befolking yn 'e Heechlannen en op 'e Hebriden sprutsen wurdt. In aparte foarm fan Skotsk-Ingelsk is it Heechlânsk-Ingelsk, dat in mear troch it Skotsk-Gaelysk beynfloede Ingelske taalfoarm is. Skotsk-Ingelsk ferskilt fan it Standertingelsk fan Ingelân troch in eigen útspraak, troch ôfwikings yn 'e grammatika en troch tafoegings oan en weilittings út 'e wurdskat. Dit ûnderskie is grutdiels werom te fieren op 'e ynfloed fan it Skotsk op it Ingelsk sa't dat yn Skotlân praat wurdt.
It Skotsk-Ingelsk is ûntstien troch it kontakt tusken it Skotsk en it Standertingelsk, wêrby't de ierste ynfloed fan it Ingelsk yn Skotlân yn 'e regel weromtrasearre wurdt nei de Reformaasje fan 'e sechstjinde iuw en de útfining fan 'e boekdrukkeunst. De earste printparse arrivearre nammentlik yn 1476 al yn 'e Ingelske haadstêd Londen, mar Skotlân krige de earste parse pas tritich jier letter. Dêrtroch waard bgl. de Ingelske bibeloersetting ek yn Skotlân ferspraat om dêr de protestantske lear te ûnderstypjen.
Nei't kening Jakobus VI fan Skotlân yn 1603 as Jakobus I op 'e Ingelske troan kommen wie, en der fan gefolgen in personele uny tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân ûntstie, ferfear it Keninklik Hof fan Edinburch nei Londen, mei't Ingelân it polityk en ekonomysk sterkere fan 'e beide keninkriken wie. De Skotske hofdichters ferhuzen mei, en namen yn Ingelân de Ingelske taal oer, mei as resultaat dat it Skotsk as literêre taal alhiel weikwûn. Boppedat waard troch it oanhâldende ûntbrekken fan in Skotske bibeloersetting de fertaling fan 'e Bibel yn it Ingelsk troch de Tsjerke fan Skotlân as standerttekst oannommen.
Mei de Uny fan 1707 ferlear Skotlân úteinlik ûnder Ingelske druk syn selsstannigens alhielendal, en waard it feriene keninkryk fan Grut-Brittanje berne. Neitiid rekke it mei de Skotske taal folslein yn it neigean, wylst almar mear lju yn Skotlân it Ingelsk net inkeld as skriuwtaal, mar ek as sprektaal foar kar namen. Dizze oergong fan in grut diel fan 'e Skotske befolking fan it Skotsk nei it Ingelsk, earst as skriuwtaal en letter ek as sprektaal, resultearre yn in grut tal fonologyske kompromissen en leksikale ûntlienings, sadat der him yn Skotlân in aparte foarm fan it Ingelsk ûntjoech: it Skotsk-Ingelsk. Ek fan ynfloed op dit proses wiene flaters, lykas hyperkorreksjes en staveringsútspraken, dy't makke waarden troch lju dy't oangeande it Standertingelsk de klok wol lieden heard hiene, mar net rjocht wisten wêr't de klepel hong.
Hjoed de dei is it Skotsk-Ingelsk de memmetaal fan fierwei it grutste part fan 'e befolking fan Skotlân. As ûnderdiel fan 'e Britske folkstelling fan 2011 joech mar 2,4% fan 'e Skotske befolking (125.000 minsken) op it Skotsk as memmetaal te hawwen hoewol't 30% (1.540.000 minsken) oanjoech Skotsk prate te kinnen. Dêrnjonken spriek 1,6% (57.000 minsken) it Skotsk-Gaelysk as memmetaal. Hoewol't der by de folkstelling gjin ûnderskie makke waard tusken sprekkers fan Standertingelsk en Skotsk-Ingelsk, liket it op grûn hjirfan neat te rûch om te stellen dat it Skotsk-Ingelsk de memmetaal wêze moat fan 4,5 miljoen Skotten.
It Skotsk-Ingelsk befynt him healwei in lineêr bipolêr taalkontinuum fan stadichoan yninoar oergeande taalfarianten, wêrby't de beide úteinen foarme wurde troch it Standertingelsk en it Skotsk. Yn it deistich taalgebrûk sprekt de mearderheid fan 'e Skotten nei alle gedachten in taalfariant dy't earne tusken Skotsk-Ingelsk en Skotsk yn sit. Wêr't yn dat kontinuum troch Skotsk beynfloede Ingelsk oergiet yn troch Ingelsk beynfloede Skotsk is eins net te sizzen. In protte sprekkers binne dêrby floeiend yn mear as ien taalfariant en brûke dat fermogen om har oan te passen oan ferskillende maatskiplike sitewaasjes. Sa sille se bygelyks mei buorman Skotsk prate, wylst se oergeane op it Skotsk-Ingelsk as by dokter wêze moatte.
Yn Skotlân is it sa dat de maatskiplike middenklasse yn syn spraakgebrûk oer it algemien de grammatikale noarmen fan 'e standertskriuwtaal folget. It Heechlânsk-Ingelsk wykt yn dizzen wat ôf om't it op fonologysk, grammatikaal en leksikaal mêd folle sterker beynfloede is troch in Skotsk-Gaelysk substraat. Krektlyksa hinget it Skotsk-Ingelsk sa't dat sprutsen wurdt yn noardeastlik Skotlân derta oer en folgje de fonology en de grammatika fan 'e pleatslike Doaryske dialekten fan it Skotsk.
Ien fan 'e meast opfallende Skotsk-Ingelske grammatikale ôfwikings is it bestean fan suffisjearde ferlytsingsfoarmen, dy't yn it Standertingelsk yn ûnbrûk rekke binne. Yn it Skotsk-Ingelsk kin men lykwols de ferlytsingsfoarm -ie efter frijwol elts haadwurd heakje: laddie ("jonkje"), lassie ("lyts famke" of "fanke"), sweetie ("skatsje", "leave"), bairnie ("berntsje"), doggie ("hûntsje"), shoppie ("winkeltsje"), ensfh.
Fierders ferbûcht it Skotsk-Ingelsk tiidwurden soms op in wize dy't yn it Standertingelsk as apart beskôge wurde soe, lykas yn I'm wanting a drink ("ik haw sin oan in slokje"; Ing.: I need a drink of I could use a drink); en You'll be coming from Glasgow? ("Komme jo fan Glasgow?"; Ing.: Are you from Glasgow?). Ek wurdt it beskaat lidwurd the brûkt op plakken dêr't it Standertingelsk it fuortlitte soe, lykas yn He's at the school ("Hy is op skoalle"; Ing.: He's at school); en I'm away to the kirk ("Ik gean nei tsjerke"; Ing.: I'm off to church).
Hoewol't der binnen it Skotsk-Ingelsk nochal wat ferskaat bestiet, is it sa dat in stikmannich fonologyske eleminten karakteristyk binne foar dit dialekt (en ôfwikend yn ferliking mei it Standertingelsk). Ien fan 'e meast opfallende saken is dêrby de letter r, dy't yn alle posysjes hearber is (wylst er yn it Standertingelsk faak stom is). De útspraak fariëarret fan 'e tradisjonele alveolêre trilklank [r] (de r sa't dy ek yn it Frysk útsprutsen wurdt) oant de alveolêre strykklank [ɾ] (de r sa't dy troch de measte Hollanners útsprutsen wurdt) oant inkeld ek wol de alveolêre approksimant [ɹ] (de Ingelske r).
Dêrby is yn it Standertingelsk en de oare Ingelske dialekten de útspraak fan 'e fokalen [ɛ] (e fan "pet"), [ɪ] (i fan "pit") en [ʌ] (Ingelske u fan but) foar de r ferraand ta [ʌ], mar hat it Skotsk-Ingelsk it ferskil yn útspraak beholden. Yn it Ingelsk hawwe de wurden fern ("fearplant"), fir ("spjirrebeam") en fur ("bûnt") dus deselde klank, mar yn it Skotsk-Ingelsk net. Itselde is it gefal mei de [o] (o fan "bok") en de [ɔ] (o fan "hok"), sadat yn it Skotsk-Ingelsk ek de wurden hoarse ("heas") en horse ("hynder") ferskillend útsprutsen wurde, en mei de [o] en de [u] (û fan "rûch"), sadat der yn it Skotsk-Ingelsk ek ferskil fan útspraak bestiet tusken pour ("jitte", "ynskinke") en poor ("earm", yn 'e sin fan net ryk).
Fierdersoan is de útspraak fan 'e r yn it Skotsk-Ingelsk foar de l, de m en de n tige sterk, sadat der yn 'e útspraak faak in ekstra wurdlid oan it wurd tafoege wurdt. It wurd girl ("famke") klinkt dan bygelyks as ['gʌrəl], "gurrel"; world ("wrâld") as ['wɔrəld], "worreld"; warm ("waarm") as ['wɔrəm], "worrem"; en warn ("warskôgje") as ['wɔrən], "worren". Itselde bard as de m op 'e l folget, lykas yn calm ("kalm"), dat klinkt as ['ca:ləm], "calem".
In oar bekend ferskynsel fan 'e Skotsk-Ingelske fonology is it bestean fan 'e stimleaze felêre wriuwklank [x] (de ch fan "berch"), dy't yn it Standertingelsk al lang lyn weiwurden is, mar yn it Skotsk beholden bleaun is en ek yn it Skotsk-Gaelysk hiel gewoan is. It foarkommen fan dizze klank yn it Skotsk-Ingelsk is dus in gefal fan ûntliening oan it Skotsk, en yn guon wurden, lykas it bekende loch ("mar") oan it Skotsk-Gaelysk. In protte sprekkers fan it Skotsk-Ingelsk brûke dizze klank boppedat ek foar wurden fan Grykske oarsprong, dy't it Standertingelsk mei in [k] útsprekt, lykas technical ("technysk") en patriarch ("patriarch").
It Skotsk-Ingelsk hat fierders in l dy't op 'e measte plakken felarisearre is ta in dûnkere of tsjûke l, útsprutsen efteryn 'e mûle. Allinnich yn beskate lienwurden út it Skotsk-Gaelysk, lykas glen ("delling"), fan gleann, is de l net felarisearre, mei't it Skotsk-Gaelysk lang net yn alle wurden in dûnkere l hat. Boppedat is de felarisaasje fan 'e l faak ôfwêzich by sprekkers út gebieten dy't ta it Skotsk-Gaelyske taalgebiet hearre of dêr oant relatyf resint noch ta hearden, lykas de Skotske Heechlannen en de Hebriden, mar ek de súdwestlike krite Gallowegen.
Yn it Skotsk-Ingelsk is it útspraakferskil (dat oarspronklik ek yn it Standertingelsk bestie) tusken w (w fan "skowe") en wh (w fan "skowe" mei in h derfoar) bewarre bleaun. De wurden witch ("heks") en which ("hokker") wurde dus ferskillend útsprutsen. En krekt as yn guon oare Ingelske dialekten (lykas it Cockney fan Londen) wurdt yn it Skotsk-Gaelysk soms in glottisslach ([ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje") brûkt om 'e dintale plofklanken t en d te ferfangen as dy tusken twa fokalen steane, lykas yn butter ("bûter"), dat dan útsprutsen wurdt [bʌʔər], "bu-er".
Op it mêd fan 'e fokalen is it wichtich om te beseffen dat yn it Skotsk-Ingelsk eins gjin ûnderskie makke wurdt tusken lange en koarte lûden. Guon fokalen, lykas [i:] (ii fan "wiid") en [u:] (û fan "sûch") binne oer it algemien lang, mar wurde koart as se folge wurde troch nasalen (n, m, ng) of stimhawwende plofklankken (b, d, g). Sokke regels jilde lykwols net foar wurden dy't inkeld itselde klinke mar oars stavere wurde, sadat yn it Skotsk-Ingelsk fan 'e wurden crude ("rou") en crewed ("bemanne") it earste in koarte û hat en it twadde in langenien, wylst se yn it Standertingelsk beide lang binne. Itselde jildt foar need ("nedich wêze") en kneed ("in stomp mei de knibbel jûn (hawwe)"), en foar side ("sydkant") en sighed ("suchte", doetiid).
Oan 'e oare kant wurde cot ("brits", soarte bêd) en caught ("fongen"), dy't yn it Standertingelsk útsprutsen wurde as [kɔt] ("kot"), resp. [kɔ:t] ("kôt"), yn it Skotsk-Ingelsk beide mei in koarte fokaal reälisearre. En krektlyk klinke pull ("lûke") en pool ("poel") yn it Skotsk-Ingelsk itselde (beide lang), wylst yn Standertingelsk pull in koart û en pool in lange û hat. By guon sprekkers ferskoot de útspraak by pull trouwens hast oant de [y] (ú fan "thús").
It Skotsk-Ingelsk omfiemet fierders tal fan wurden en útdrukkings dy't karakteristyk foar dit dialekt binne, en dy't skottisismen neamd wurde. Bekende typysk Skotsk-Ingelske wurden binne wee ("lyts"; Standertingelsk: little); lad ("jonge"; Ing.: boy); lass ("famke"; Ing.: girl); bonnie ("kreas"; Ing.: handsome); braw ("mânsk"; Ing.: fine); muckle ("grut"; Ing.: big); bairn ("bern"; Ing.: child); pinkie ("pink"; Ing.: little finger); fankle ("tizeboel"; Ing.: tangle); kirk ("tsjerke"; Ing.: church); numpty ("suffert"; Ing.: dullard); rone ("daksgoate"; Ing.: roof gutter); aye ("ja"; Ing.: yes); en ken ("kenne" of "witte"; Ing.: know). In oar typysk Skotsk-Ingelsk wurd is de ynterjeksje ach, dy't safolle as "och", "o-heden" of ek wol "ah" betsjut.
Hiel faak komt men yn Skotlân ek it foarsetsel outwith tsjin, dat bûten dat lânsdiel net bestiet. It wol safolle sizze as "bûten", en korrespondearret fierhinne mei it Standertingelske outside of. Ek wurdt yn it Skotsk-Ingelsk gauris it gearstalde foarsetsel off of brûkt, op plakken dêr't it Standeringelsk wol mei off takin, lykas yn Take that off of the table ("Pak dat fan 'e tafel ôf"; Ing.: Take that off the table). Merk op dat it Frysk hjir ek in gearstald foarsetsel brûkt: fanôf. Fierders binne Skotten gewoan om te sizzen I was waiting on you ("Ik stie op dy te wachtsjen"), wylst men yn it Standertingelsk sizze soe: I was waiting for you, mei't I was waiting on you yn Ingelân betsjut: "Ik wie dy oan it betsjinjen".
Skotsk-Ingelske sprekwurden binne bygelyks: We're all Jock Tamson's bairns (letterlik: "We binne allegear bern fan Jock Tamson"), wêrmei't men sizze wol dat nimmen better is as in oar, en I kent his faither (lett.: "Ik koe syn heit noch"), wat sizze wol dat dejinge oer wa't men it hat like ienfâldich begûn is as eltsenien. Ach, away ye go! ("Och, fuort mei dy!") betsjut "Kinst my noch mear fertelle, ik leau der neat fan". Sokke taaleleminten komme oer it algemien faker foar yn 'e sprektaal as yn 'e skriuwtaal. Noch in stikmannich oare foarbylden binne:
Skotsk-Ingelsk | Standertingelsk | betsjutting |
---|---|---|
What a dreich day! | What a dull/miserable/overcast day! | "Wat in somber waar, hjoed!" |
I'm feeling quite drouthy. | I'm feeling quite thirsty. | "Ik bin ferrêde fan toarst." |
That's a right scunner! | That's extremely off-putting! | "Jakkes, wat fiis ding, dêr kinne je wol mislik fan wurde!" |
It's a fair way to Skye from here. | It's a good distance to Skye from here. | "It is hjirwei in hiel ein nei Skye." |
The picture still looks squint. | The picture still looks askew. | "It skilderij hinget noch hieltyd skean." |
You'd better just caw canny. | You'd better not overdo it. | "Ik soe mar it mar net te gek dwaan." |
It's a sair fecht. | It's a real struggle. | "It is dreech wurk." |
His face is tripping him. | He's looking fed up. | "Hy sjocht der út as hat er syn nocht." |
That's outwith my remit. | That's not part of my job. | "Dat heart net by myn wurk." |
I'll come round the back of eight. | I'll come round just after eight o'clock. | "Ik kom even oer achten wol del." |
I'm swithering wether to go. | I'm of two minds wether to go. | "Ik twifelje oft ik wol gean moat." |
Fierders wurdt it fraachwurd how ("hoe") faak brûkt as why ("wannear") bedoeld wurdt, mar dat wurdt ek dien yn Noardingelske dialekten en yn it Middenulstersk-Ingelsk fan Noard-Ierlân. "Wêrom net?" wurdt dan yn 'e regel werjûn as How no?
Boppedat omfiemet it Skotsk-Ingelsk in grut ferskaat oan juridyske termen dy't oernommen binne út it Skotsk as gefolch fan it feit dat de Skotske rjochtspraak nei de Uny fan 1707 oant op 'e dei fan hjoed apart bleaun is fan 'e Ingelske, en sadwaande in hiel eigen jargon opboud hat dy't trochlekt is nei it deistich spraakgebrûk. Foarbylden fan sokke termen binne depute (útspr.: ['dɛpjut]; "plakferfanger", "adjunkt"; Standertingelsk: deputy); proven ("bewiisd"; Ing.: proved); interdict ("rjochterlik befel" of "rjochterlik ferbod"; Ing.: injunction); en remit ("funksje-omskriuwing"; Ing.: job description).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.