From Wikipedia, the free encyclopedia
De Skieren wie in East-Germaanske stam, dy't eartiidsk libbe yn it noarden fan it tsjintwurdige Poalen. Yn de 3e iuw f.Kr. lutsen grutte kloften fan de Skieren mei in oar folk, de Bastarnen, nei it suden ta. Hja ferskynden om-ende-by 230 f.Kr. by de Swarte See. De Skieren wennen letter eastlik fan de Bastarnen.
Yn de 4e iuw hienen de Skieren har wengebiet yn de Karpaten. Hja waarden troch de Hunnen yn 376 ferslein. In part fan de Skieren waard oan de Hunnen ûnderwurpen, oare parten naaiden út en lutsen mei de Ostrogoaten en Fisigoaten nei it westen.
Nei it útinoar fallen fan it Hunnen Ryk yn 455 waarden de efterbleaune Skieren opnommen yn it Romeinske Ryk en krigen yn Pannoanje as foederaty in wengebiet tawiisd. Dochs ûntstienen der gauris konflikten mei de neier libjende foederaten, de Ostrogoaten, dêr't sy mei yn oarloch rekken. De Skieren sochten bûnsmaten en foarmen mei de Herulen en Gepiden in ferbûn tsjin de Ostrogoaten. Yn 469 stried dy alliânsje tsjin de Ostrogoaten yn de Slach oan de Bolia. Nei 469 binne de Skieren net mear oanwêzich yn Pannoanje. Sy hienen finaal harren nocht fan de kriich en setten mei de Herulen ôf nei Itaalje. Dêr soenen sy as hierlingen it lêste Romeinske leger fersterkje. Dat leger dat yn 476 de Romeinske keizer Romulus Augustulus ôfsette en de Germaan Odoaker útrôp ta kening fan Itaalje bestie foar in grut part út Skieren.
Nei de nederlaach fan Odoaker tsjin de Ostrogoatyske kening Diderik de Grutte gongen de Skieren yn Itaalje op yn de Goaten en oare Germaanske folken.
De Skieren yn it noarden bestienen yn de 13e iuw noch as heidenske folksstam.
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.