De skiednis fan Sina is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de Grutte Oseaan, oan de westkant de Tibetaanske heechflakte, en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km de Gobywoastyn. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten ôf. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Prehistoarje
De earste neolityske beskaving fan Sina wurdt troch archeologen de Yangshao-kultuer neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west, ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere "hege löss-flakten" yn de tsjintwurdige provinsjes Shanxi, Shaanxi en Gansu. Sy beskikten al oer klean fan jute of side, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de baarch en hûn domestisearre.
De folgjende faze yn de Sineeske skiednis is de Longshan-kultuer, ferneamd nei it plak dêr't as earste fynsten dyn binne fan dizze typyske kultuer. It skiep en de ko waard domestisearre en de ferbou fan rys dy syn yntree. Troch de fynsten fan ferskate soarten grêven docht bliken dat harren kultuer al sosjaal differentisearre wie. De Longshan-kultuer wurdt derom ek wol sjoen as de basis fan de earste histoaryske beskaving fan de Sina, dy fan de Shang.
De earste hearskers
De Shang
De Shang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken 1600 f.Kr. oant 1046 f.Kr. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Shangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de löss-flakten dat troch sydrivieren fan de Giele Rivier fan wetter foarsjen wurdt. Efterinoar hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't Yin de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Shang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere Sineeske skrift.
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Shang-beskaving en troch de keningen waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Shang-kultuer oer it Noardsineeske leechlân troch ferspraat waard. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Shang-foarsten effektyf politike macht waard útoefene nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Shang kearde.
De Zhou
Yn de 11e iuw f.Kr. foelen de Zhou fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in iuw doarre foardat sy al it gebiet fan de Shang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd Luoyang dy't troch har stiften waard. Yn polityk en kultureel opsicht wienen sy de erfgenamten fan de Shang. Harren grutste fernijing wie de yntroduksje fan it lienstelsel. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Zhou in better grip op de grutte befolking as harren foargongers. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Zhou ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.
De iere oarde fan de Zhou hat oant 771 f.Kr. doarre, dat jier waard de Zhou kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Luoyang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Zhou ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten ûnderinoar, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsoanwaaks en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as Konfusius en Tao.
De Zhou-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei 256 f.Kr.
It tiidrek fan de keizerriken
Yn 221 f.Kr. ûnderwurp Qin Shi Huang, de kening fan de Qin alle doedestiids steaten yn Sina en naam de titel fan huang of huangdi, ferhefte foarst of keizer oan. Hy wie in wrede hearsker. Yn de krigen dy't troch him fierd waarden, binne nei alle gedachten wol oardel miljoen deaden fallen. Oan dizze keizer hat Sina har namme te tankjen. Hy kreëarre in steatsysteem dat mei tuskenskoften mear as twa tûzen jierren lang stân hâlde soe. Maten en gewichten waarden standerdisearre, wetten kodifisearre en yn hiel it ryk kamen mar der ien munt en ien skrift.
Neidat in oantal jierren nei it ferstoarn fan Qin Shi Huang oeral opstannen útbrutsen, brocht Han Wendi yn 180 f.Kr. as earste keizer fan de nije Han-dynasty frede. Ut dizze tiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende nomadenstammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de Yang-tse oant en mei it tsjinwurdige Fjetnam. De Hantiid stiet bekend as ien fan de bloeiperioaden út de Sineeske skiednis en is opdield yn in westlik tiidrek (oant 9 n.Kr. en in westlik tiidrek (9-220 n.Kr. troch it ferplakken fan de haadstêd fan it westen nei easten. It konfusianisme waard yn dy tiid de offisjele godstsjinst; de Sineeske Muorre kaam ôf. Nei it westen ûntstie de siderûte en yn 105 die Cai Lun syn wichtige ûntdekking fan papier.
Yn de rin fan de 2e iuw rekke de hearskippij fan de Han lykwols yn ferfal en nei in grutte boereopstân fan de saneamde Gielmutsen en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat yn trije riken útinoar. Pas yn 589 waard Sina opnij weriene ûnder de Sui-dynasty dy't yn 618 ferfongen waard troch de Tang-dynasty (oant 907, dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.
It boedisme hie Sina yn de twadde helte fan de 1e iuw berikt, mar fûn pas gruttere útwreiding yn de iuwen fan politike ferdieldheid. Under keizer Daowu (386-409) waard it ta steatsgodstsjinst fan Sina
Yn 907 foel Sina wer yn lytse steatsjes útein oant it yn 975 wer feriene waard troch de earste keizer fan de Song-dynasty. Under dizze dynasty gong it de Sinezen wer in skoft lang foar de wyn. De ekonomy bloeide en de befolking ferdûbele oant sa'n 100 miljoen ynwenners. Mar ek oan dat tiidrek kaam wer in ein, want yn de rin fan de 12e iuw kaam it noardlike part fan Sina yn hannen fan de Jin-dynasty ôfkomstich út Mantsjoerije dy't Peking ta haadstêd makken. It suden bleau ûnder bewâld fan de Song oant yn 1276 hiel Sina oerweldige waard troch in folk fan nomaden, de Mongoalen dy't Sina feriene en de Yuan-dynasty (1279-1368) festige.
De grûnlizzer fan dizze dynasty wie de freze foarst Djenghiz Khan. Yn betreklik koarte tiid wist dizze in enoarm grut gebiet ûnder syn bewâld te krijen. It omfieme it tsjintwurdige Mongoalje, Noard-Sina, Sintraal-Aazje en Súd-Ruslân oant en mei de grinzen fan it Arabyske Abassidenryk. Syn opfolgers foegen letter noch parten fan it Midden-Easten en fan East-Jeropa der oan ta. De wichtichste keizer fan dizze dynasty wie Kubilai Khan (1215-1294). Hy brocht soarge foar frede yn it hiele ryk en de ekonomy bloeide wer op. Keunst en kultuer krigen wer kâns ta ûntwikkeling te kommen. Skilderkeunst, de keramyk en de literatuer berikten nije hichten. Under syn bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger Marko Polo Sina.
De lêste Yuan-keizer waard yn 1368 ferdreaun troch Hongwu dy't de Ming-dynasty stifte. Under dizze dynasty die Sina begjin 15e iuw in goai nei wrâldhearskippij. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal Zheng He sânris nei lannen om de Yndyske Oseaan, wêrfan trije kear nei de eastkust fan Afrika, mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint. Mar dizze besiking bruts ôf wêrnei in tiidrek fan isolemint folge.
Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. It Ming-ryk wie oer har hichtepunt hinne. De lêste Mingkeizers wienen meastentiids swak en net tsjinsteande de Sineeske Muorre hie it lijen fan Mongoalske strooptochten en fanút see makken Japanske en Sineeske piraten de lange kuststripe ûnfeilich. Jeropa waard stadichoan konkurrint fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology. Yn 1631 brocht in grutte folksopstân in ein oan de Ming en de heal nomadyske Mantsjoes soenen mei har stamlieder Nurhaci de lêste dynasty fan Sina stiften.
Under de earste trije keizers fan de Mantsjoerijske Qing-dynasty (1644-1912) hearske trochgongs frede, rust en wolfeart yn Sina. Neffens skattingen wie de befolking ein 18e iuw waakse oant 330 miljoen. It kristendom berikte Sina, mar krige gjin fêste fuot. Om 1700 wienen der lykwols al 300.000 bekearlingen, mar omdat de ferskate kristlike oarden ûnder inoar hieltyd spul hienen, waard it leauwen yn 1721 troch de keizer ferbean en moasten alle misjonarissen it lân ferlitte. Noch wat letter woenen de Sinezen alle Jeropeanen bûten de doar hâlde en yn 1757 waard allyksa bepale dat Jeropeeske hannelslju allinnich mar de súdlike havenstêd Kanton oandwaan mochten. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa doe't it yn de 19e iuw yntern tige ferskuorre rekke troch opienfolgjende opstannen en de ekonomy ynstoarte.
Yn 1894 rekke it yn kriich mei Japan en omdat de Japanske striidkreften folle better útrêsten wienen as de Sineeske late it in ferpletterjende nederlaach. Sina moast Korea en Taiwan oan Japan ôfstean. Even krige foarstanners fan herfoarmingen it foar it sizzen. De anty-Westerske, mar misleare Bokseropstân (1899-1901) betsjutte in earnstich gesichtsferlies foar it keizerryk. Fergees besocht it har oan de tiid oan te passen, in militêre kûp soe lykwols in ein makke oan in tiidrek.
De moderne tiid
Republyk Sina
Mei it ôfsetten fan de lêst Sineeske keizer yn 1911 kaam in ein oan in keizerryk, de republyk Sina waard útroppen. Fuort dêrnei ferklearren Mongoalje en Tibet harren ûnôfhinklik fan Sina en Tûva waard beset troch Ruslân. Sun Yat-Sen, dejinge dy't de revolúsje oanfiere hie waard de earste presidint.
Yn de Earste Wrâldkriich keas Sina de kant fan alliearden. Japan, dat offisjeel ek de kant fan de alliearden keazen hiel, besette lykwols de Dútske konsesje Shantung yn Sina, en besocht ûnderwilens mei "21 easken" in grut part fan harren soevereiniteit ôf te nimmen. Nei de kriich kamen dizze gebieten oan Japan ta. Yn Sina bruts in ûnrêstige tiid oan mei in protte anargy en ferskate minsken besochten tagelyk de macht nei harren ta te lutsen. Dizze minsken wurde de Kriichshearen neamd. Der woede in boargeroarloch dêr't yn 1925 in ein oan kaam, doe't de leider fan de Nasjonalistyske Kwo Min Tang partij, Tsjiang Kay-tsjek alle oerbleaune Kriichshearen ferslaggen hie.
Foar Sina begûn de Twadde Wrâldkriich al yn 1937 troch de besetting fan Japan fan grutte gebietsdielen yn it easten mei û.o. de haadstêd. Dat part fan it lân waard liede troch in Pro-Japanske Sineeske Regering. Doe't Japan yn 1945 de kriich ferlear waard kaam oan dizze regearing in ein en waard it hiele lân wer ferienige ûnder de Kwo Min Tang ynklusyf Matsjoerije.
Folksrepubyk Sina
De ein fan de Twadde Wrâldkriich brocht lykwols gjin frede yn Sina. It lân foel wer te proai oan in boargeroarloch, no tusken de kommunisten fan Mao Tse-toeng en it republikeinske leger fan de Kwo Min Tang. Oan dizze oarloch kaam in ein yn 1949 troch de oerwinning fan de kommunisten. Mao Tse-toeng kaam oan de macht en de Kwo Min Tang regearing mei har oanhingers flechten nei Taiwan. Troch Mao waard in diktatoriaal bewâld festige mei in strike kontrôle oer it deistich libben yn Sina dat it libben kostsje soe oan miljoenen minsken.
Under Mao besette yn 1959 Sina Tibet en makke it lân de desastreuze kulturele revolúsje (1966-1970) mei en wilens de Koreaanske Kriich reagen Sineeske militêren de NAFO út Noard-Korea. Mao krige help fan de Sowjetuny foar de ûntjouwing fan grutte yndustry yn Sina.
Tsjintwurdich
Nei de dea fan Mao yn 1976 bleau Sina foar it each kommunistysk, mar stadichoan waard it hieltyd frijer op it persoanlik en ekonomysk flak, wylst it lân dochs eleminten behâlde fan totalitarisme tsjinoer politike, religieuze en etnyske minderheden. Oant en mei distiid wurdt it ienpartijstelsel yn Sina hanthavene en bliuwt it skeinen fan minskerjochten en korrupsje in probleem, benammen ten opsichte fan Falun Gong en Tibet.
Yn 1997 kaam Hongkong wer by Sina dat sûnt 1897 ferhierd wie oan de Britten.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.