Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tsjiang Kai-sjek (offisjele transliteraasje: Chiang Kai-shek) of Tsjang Tsjoen-tsjeng (jiaxiang: Jiangsu, Yixing 江苏宜兴) (Fenghua, 31 oktober 1887 – Taipei, 5 april 1975) wie in Sineesk militêr en politikus. Nei de dea fan Sun Yatsen yn 1925 waard er de ûnomstriden lieder fan de nasjonale beweging, de Kwomintang. Yn 1926 ûndernaam hy in kûp dêr't hy ek it politike liederskip mei ferwurf. Yn 1927 rjochte Tsjiang in slachting oan ûnder linkse eleminten en festige in nasjonaal regear yn Nanking. Lang om let ferlear er de Sineeske Boargeroarloch tsjin de kommunisten ûnder Mao Zedong. Yn 1949 flechte er nei Taiwan dêr't er de Republyk Sina fuortsette, wylst Mao op it Sineeske fêstelân de Folksrepublyk Sina útrôp. It wie oan 'e stipe fan de Feriene Steaten oan Tsjiang te tankjen dat de kommunisten ôfseagen fan in ynvaazje fan Taiwan.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.