In sekshâlding of seksposysje, yn 'e folksmûle ek wol in stantsje neamd, is de lichemshâlding dy't minsken brûke om seksuele omgong mei-inoar te hawwen of har oer te jaan oan oare seksuele aktiviteiten. Sokke sekshâldings drage gauris nammen dy't ûntliend binne oan 'e foarm dy't it minsklik lichem dêrby oannimt. Se wurde faak ûnderferdield nei de trije haadfoarmen fan seks: faginale seks, anale seks en orale seks. Hoewol't seksuele mienskip ornaris de penetraasje fan it lichem fan 'e iene persoan troch dat fan 'e oare beslacht, omfetsje sekshâldings sawol penetrative as net-penetrative aktiviteiten, lykas de seksuele stimulaasje fan erogene sônes troch streakjen of masturbaasje of it gebrûk fan in stik seksboartersguod lykas in fibrator.
Skiednis
Sekshâldings hawwe der altyd al west. Sokke praktiken út it ferline kinne byldhouwurken en ôfbyldings op fazen, fresko's en ienfâldige muorreskilderings ynsjoch yn jaan.
Sekshânliedings biede in gids ta sekshâldings. Sokke teksten kenne in lange skiednis. Al yn 'e Klassike Aldheid waard in iere sekshânlieding skreaun troch in Filainis fan Samos, dy't mooglik in hetaira (koertisane) wie yn it Hellenistyske Tiidrek (trêde oant earste iuw f.Kr.). De bekendere Kāmasūtra fan 'e Yndyske filosoof Vātsyāyana, dy't earne tusken de earste en de sechsde iuw foltôge waard, is berucht as sekshânlieding, hoewol't it eins in religieus geskrift is, ferlykber mei in bibelboek. It jout rie oangeande de deugdsume libbenswize dy't it hindoeïsme foarstiet, dêr't in sûn sekslibben no ienris by heart. De ierst bekende sekshânlieding út it moderne Jeropa is de Speculum al Foderi ("Spegel fan 'e Koïtus"), in Katalaansktalich manuskript út 'e fyftjinde iuw, dat in kopy is fan in earder, Midsiuwsk dokumint. It wie iuwenlang ûnbekend, mar waard yn 'e 1970-er jierren weromfûn.
Underskate sekshâldings
Der besteane in grut tal ûnderskate sekshâldings; guon saakkundigen op dit mêd hawwe útholden dat it tal ferskillende sekshâldings winliken ûnbeheind en dêrtroch ûntelber is. Nettsjinsteande dat wurde by faginale seks en anale seks trije of fjouwer sekshâldings beskôge as de basishâldings, dêr't alle oaren fan ôflaat binne. Dêrby giet it yn it foarste plak om 'e misjonarishâlding, de hûntsjeshâlding en de cowgirlhâlding. Guon saakkundigen foegje dêr leppeltsje-leppeltsje noch oan ta, wylst oaren dat as in "kantele" foarm fan 'e hûntsjeshâlding beskôgje.
Hjirûnder in opsomming fan 'e meast foarkommende twapersoans sekshâldings.
- faginale en anale sekshâldings mei penetraasje fan foarren
- mei de penetrearjende sekspartner boppe
- flinterhâlding
- misjonarishâlding
- heipealhâlding (piledriverhâlding)
- koïtale útliningstechnyk
- Weenske oester
- mei de ûntfangende sekspartner boppe
- cowgirlhâlding (of amazônehâlding)
- laterale sekshâlding
- lotushâlding
- omkearde misjonarishâlding
- sittende cowgirlhâlding
- sûnder dat ien fan beide sekspartners boppe of ûnder leit
- steande sekshâlding fan foarren
- mei de penetrearjende sekspartner boppe
- faginale en anale sekshâldings mei penetraasje fan efteren
- mei de penetrearjende sekspartner boppe
- hûntsjeshâlding (of doggy-style)
- lizzende hûntsjeshâlding
- mei de ûntfangende sekspartner boppe
- lapdancesekshâlding (omkearde sittende cowgirlhâlding)
- omkearde cowgirlhâlding
- sûnder dat ien fan beide sekspartners boppe of ûnder leit
- leppeltsje-leppeltsje (spooning)
- skjirrehâlding (scissoring; net-penetratyf en inkeld by lesbyske seks)
- steande sekshâlding fan efteren
- suspended congress
- T-sekshâlding
- mei de penetrearjende sekspartner boppe
- orale sekshâldings
- knibbeljen foar fellatio
- knibbeljen foar kunnilingus
- roastige tromboane
- stantsje 69 (of soixante-neuf)
By trio's en groepseks binne oare sekshâldings mooglik, lykas:
- circle jerk (in rûnte fan manlju dy't inoar ôflûke)
- daisy chain (in rûnte of rige fan manlju en froulju dy't orale seks mei-inoar hawwe)
- cowgirlhâlding mei dûbele penetraasje
- dûbele cowgirlhâlding
- omkearde cowgirlhâlding mei dûbele penetraasje
- spit roast
Galery
- laterale sekshâlding
- suspended congress
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.