From Wikipedia, the free encyclopedia
Leppeltsje-leppeltsje of de leppelhâlding (ek bekend ûnder de Ingelske term spooning, letterlik: "leppeljen") is de gebrûklike oantsjutting foar in twapersoans lichemshâlding dy't tsjinje kin as sekshâlding, mar ek om te knuffeljen of te sliepen. De namme komt fan 'e posysjes dy't de beide lichems dêrby oannimme, dy't wol wat wei hawwe fan hoe't twa leppels op 'e side persiis yninoar passe. As sekshâlding is dizze posysje wol omskreaun as in fariant op 'e hûntsjeshâlding (en yn 't bysûnder de lizzende hûntsjeshâlding), mar ek wol as ien fan 'e fjouwer basisposysjes, yn 'e mande mei de hûntsjeshâlding, de misjonarishâlding en de cowgirlhâlding.
By leppeltsje-leppeltsje lizzen de sekspartners allebeide op deselde side. De frou leit dêrby mei har rêch nei de man ta en tsjin syn boarst en búk oan. By dizze hâlding fynt de seksuele penetraasje troch syn penis fan har fagina dus fan efteren ôf plak. Sadwaande beskôgje guon seksuologen it as in "omfallen" fariant fan 'e hûntsjeshâlding, wêrby't dat ek it gefal is. By de seks kinne de partners harren boppelichems byinoar wei bûge, sadat inkeld harren bekkens inoar reitsje. De skonken kinne by dizze hâlding mei-inoar ferstringele wêze, mar ek byinoar wei lizze. De frou kin fierders har boppeste knibbel optille om har skonken te sprieden en de tagong ta har fagina makliker te meitsjen foar har partner.
By it leafdesspul kin de man ûnderwilens syn hannen brûke om 'e erogene sônes fan 'e frou te stimulearjen, lykas har boarsten, spiennen en klitoris. Ek kin er mei syn lippen, tonge en foartosken har nekke en earen tútsje, slikje en streakje. De frou kin ek sels har klitoris stimulearje of mei in hân efterom rikke om it skroatum fan 'e man te streakjen. By leppeltsje-leppeltsje bestiet der mear kâns as mei in protte oare sekshâldings dat de penis fan 'e man by it binnenkringen fan 'e frou de foarwand fan 'e fagina rekket, dêr't it gefoelige G-plak sit. Behalven faginale seks kin by leppeltsje-leppeltsje ek oan anale seks dien wurde, tusken in man en in frou of tusken twa manlju.
Leppeltsje-leppeltsje jout de beide sekspartners in protte yntimiteit om't der oer de hiele lingte fan it lichem kontakt mei dat fan 'e partner is of alteast wêze kin. Beide partners hawwe behearsking oer de hoeke en djipte fan 'e penetraasje en stadige seks mei in lege yntinsiteit is yn dizze hâlding lang fol te hâlden. Dat hat der ek mei te krijen dat manlju, as se op 'e side lizze, minder maklik ta in orgasme komme kinne. Leppeltsje-leppeltsje as sekshâlding kin de foarkar hawwe fan partners dy't krekt wekker wurden binne of tige wurch binne. It is ek in goede posysje foar seksuele omgong as de frou swier is, mei't yn dizze hâlding alhiel gjin druk op har ûnderliif útoefene wurdt. Om deselde reden kin it in goede sekshâlding wêze foar lju dy't noch opbetterje fan in sykte of operaasje. In neidiel kin wêze dat de sekspartners inoar net yn it gesicht sjen kinne, en likemin inoars lichem beächtsje kinne. Ek kin de penis by leppeltsje-leppeltsje maklik út 'e fagina of de anus glydzje.
Behalven foar seks is leppeltsje-leppeltsje ek tige geskikt foar net-seksuele foarmen fan yntimiteit, lykas knuffeljen. De beide partners geane dêrby sa ticht mooglik op 'e side tsjininoar oan lizzen en kinne mooglik ek yn dy hâlding sliepe. Dêrby wurdt de efterste partner, dy't mei de foarkant tsjin 'e oare oan leit, oantsjut as de 'grutte leppel', wylst de foarste partner, dy't mei de rêch nei de oare ta leit, de 'lytse leppel' is. Der binne ek minsken dy't in hekel hawwe oan leppeltsje-leppeltsje, benammen om't men as grutte leppel eins gjin romte foar de earm hat oan 'e kant dêr't men op leit. Dy moat ûnder de side fan 'e lytse leppel troch om dy persoan hinne slein wurde, mei as gefolch dat dy persoan derop leit en de earm nei ferrin fan tiid begjint te sliepen. Of oars moat men jin yn in tige ûnnoflik hâlding wringe mei de earm efterút.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.