From Wikipedia, the free encyclopedia
Sânbrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún, hoewol't it ek niget nei giel en oranje. It kin omskreaun wurde as in oranjige kleur ljochtbrún. Namme sawol as tint binne basearre op 'e kleur fan 'e grûnsoarte sân.
As kleur waard sânbrún foar it earst definiëarre yn 1987, doe't it yn gebrûk kaam as ien fan 'e X11-kleuren, dy't yn 'e iere 1990-er jierren bekend kamen te stean as webkleuren.
Sânbrún is by additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan 'e trije primêre kleuren read, grien en blau. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ynstee fan syaan wat swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.