From Wikipedia, the free encyclopedia
Richard Evelyn Byrd, (Winchester, 25 oktober 1888 – Boston, 11 maart 1957) wie in Amerikaansk ûntdekkingsreizger, loftfeartpionier en rear admiral, dy't ferneamd waard fan syn tochten nei de Noard- en Súdpoal. Der wurdt lykwols twifele oer syn sizzen dat er de Noardpoal berikt hat.
Byrd kaam út ien fan de meast begoedige en machtichste famyljes fan Firginia, dy't ek ien fan earste Jeropeeske famyljes wie dit harren yn dy steat festigen. Ta syn foarâlden hearden Ingelske kolonist John Rolfe en dy syn ferneamde Yndiaanske frou Pocahontas. De broer fan Byrd wie senator yn Firginia. Byrd woe karriêre meitsje de marine. Doe't er tweintich begûn er oan de oplieding en tsjinne dêrnei op ferskate marineskippen. Neidat er syn ankel ferbrizele yn 1916 oan board fan de Dolphin koe dat net mear en krige er funksjes by marineynstellingen oan 'e wâl.
Dêrnei ambiearre Byrd in karriêre as fleander. Hy hie fral niget oan de technology fan fleantugen. Dy wie nij, want de fleanderij stie noch yn de berneskuon. Fan jongs ôf oan wie Byrd al nijsgjirrich nei de poalgebieten. Hy wie fêst fan doel dy te ûndersykjen. Syn earste ûndernimming op dat mêd wie in fleanreis oer Grienlân yn 1925, tegearre mei Donald MacMillan.
Byrd finansierre sels in ekspedysje nei Arktika, de Noardpoal. Op 9 maaie 1926 soe it heve. Dy dei gie Byrd mei Floyd Bennett, dy it fleantúch bestjoerde, út Ny-Ålesund op Spitsbergen wei op reis nei de poal. Dêrmei skreaune se skiednis. Der wie nammentlik noch nea ien oer de Noarpoal flein. Doe't Byrd en Bennett werom kamen waarden se as helden ynhelle en ûnderskieden. Letter waard op grûn fan ûndersyk fan harren lochboeken lykwols twifele oft hja wier boppe de Noardpoal west hawwe [1]
Koart skoft nei de tocht oer de Noardpoal, makke Byrd foar it earst yn de skiednis in fleantocht mei in fleantúch mei mear as ien motors oer de Atlantyske Oseaan op 28 en 29 juny 1927 yn in Ford AT-5 Trimotor (Charles Lindbergh wie de earste yn in ienmotorich tastel op 21 maaie fan dat jier). De oare bemanningsleden op dy flecht wiene Bernt Balchen, Bert Acosta en luitenant George Noville. Werom yn de Feriene Steaten waarden Byrd and Noville ûnderskieden mei it Distinguished Flying Cross. Acosta en Balchen koene dy ûnderskieding net krije meidat sy boargers wiene.
Dêrnei rjochte Byrd him op Antarktika en de Súdpoal. Hy soe totaal fiif ekspedysjes nei dat kontinint ûndernimme (1928-30 / 1933-35 / 1939-40 / 1946-47 / 1955-56). Meidat er wilens ferneamd wie, hoechde er him net mear om it jild foar dy reizen te bekroadzjen.
By de earste ekspedysje fleach er op 28 en 29 novimber 1929 as earste oer de Súdpoal. Byrd boude letter dêr in basis dy't de namme Little America ('Lyts Amearika') krige, útrisd mei trije fleanmasines, trije hûneteams, fotografen en radiotechnisy, mei it doel de Súdpoal te ûndersykjen. Mei de lettere ekspedysjes hat Byrd in wichtige bydrage levere foar de geografy fan dy kontreien, mei fan gefolch dat syn heitelân, de Feriene Steaten, it ferkende gebiet as eigendom opeaskje koe.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.