From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ford Trimotor (ek wol "Tri-Motor", bynamme "The Tin Goose") wie in Amerikaanske sivyle transportfleanmasine mei trije motors dy't sûnt 1925 boud waard troch Henry Ford. De produksje gie troch oant 7 juny 1933; doe wienen der 199 fan makke. Hoewol ûntwurpen foar de boargerloftfeart waard it tastel ek brûkt troch militêren en it waard oer de hiele wrâld ferkocht. Ford makke de motors net sels, wat wol it gefal wie by syn T-Ford, frachtweinen en trekkers.
Ford Trimotor | |
---|---|
Rol | Passzjiersfleantúch |
Makker | Stout Metal Airplane Division of the Ford Motor Company |
Untwerper | William Bushnell Stout |
Earste flecht | 11 juny 1926 |
Yn tsjinst | 1926 |
Status | Der binne noch 18 yn 2012 |
Tal makke | 199, oant 1933 |
Brûkers | Sa'n 100 loftfeartsmaatskippijen, United States Army Air Corps, United States Navy en Royal Canadian Air Force |
Fariant | Stout Bushmaster 2000 |
De Trimotor wie Ford syn antwurd op de Fokker F.VII(3m), dêr't er ek in protte op like, mar de Trimoter wie folslein fan metaal en neffens Ford "the safest airliner around." [1] De romp en wjukken wienen fan aluminium ribbeltsjeplaten (om it sterker te meitsjen). Dy ribbels hienen lykwols wol fan gefolgen dat de luchtwjerstân slim tanaam, dat de fleanprestaasje frijwat fermindere. Transcontinental Air Transport, dat letter part fan Trans World Airlines wurde soe, begûn mei dit tastel de transkontinintale lofttsjinst fan San Diego nei New York yn 1929.
Yn de jierren nei de oarloch bleaunen de Ford Trimotors yn tsjinst by lytse, regionale maatskippijen. Ien fan de ferneamdste tastellen wie de Ford Trimotor N414H fan Scenic Airways dy't 65 jier lang brûkt is foar rûnflechten boppe de Grand Canyon. Dizze fleanmasine wurdt anno 2010 noch ynset foar promoasjewurk en filmopnames. [1]
Piloaten fûnen it tastel guodlik yn 'e omgong, betrouber foar syn tiid. Hy koe goed op twa motors fleane en de fier út inoar steande tsjillen makken de lâning aardich feilich. Fierders wie dit tastel geweard, tige breed tapasber en duorsum. Hjoed-de-dei fleane noch ferskate eksimplaren.
Ford 5-AT-C Tri-Motor: | |
Feiten | |
---|---|
Lingte | 15,19 m |
Spanwiidte | 23,72 m |
Wjukoerflak | 77,57 m² |
Hichte | 4,2 m |
Motor | Trije Pratt & Whitney Wasp SC-1 fan 420 hk it stik |
Heechste faasje | 217 km/o |
Krúsfaasje | 185 km/o |
Minimale faasje foar lift | 103 km/o |
Normaal fleanberik | 820 km, mei ekstra tanks 1045 km |
Bemanning | 2 piloaten, 1 steward |
Tsjinstplafond | 5181 m |
Leechgewicht | 3.405 kg |
Maks. startgewicht | 6.129 kg |
Tankynhâld | 1018 l, mei ekstra tanks 1344 liter |
Lading | 2724 kg |
Stiigfaasje | 4,8 m/s |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.