It reidimerke (Locustella naevia) is in sjong- en trekfûgel út 'e famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae).

Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
reidimerke
Thumb
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeimerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaaistrûksjongers (Locustella),
soarte
Locustella naevia
Boddaert, 1783
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
Thumb

     simmerfûgel
     trochtrekker
     wintergast

Slute

Skaaimerken

Thumb
Sjongend reidimerke.

De sang bestiet út in lang snoarjen lykas fan in imerke, dat troch koarte skoftkes ûnderbrutsen wurdt. It fûgeltsje is 12,5 oant 13,5 sm lang. Oan 'e ûnderkant is it smoarchwyt en oan 'e boppekant en krún brún mei donkerbrune streken. De stút is ljocht fan kleur. De eachstreek is dizich. Fierder hat de fûgel fleiskleurige poatsjes. Beide geslachten binne allyk.

Iten

It reidimerke yt ynsekten, larven en spinnen.

Biotoop en fersprieding

De fûgel libbet ferside yn lang gers, strewellen en reit yn sompen en op mear iepen terrein mei beammen en strewellen. Ek binne se te hearren yn dúngebieten en op greide mei sleatten en reid. It reidimerke is in skou fûgeltsje dat him net graach sjen lit, mar troch de sang wol te finen is.

Reidimerkes briede yn it westen fan Aazje en in grut part fan Jeropa (mar de fûgel ûntbrekt yn grutte dielen fan Súd-Europa en Skandinaavje). Gruttere konsintraasjes fan reidimerkes yn Fryslân binne op 'e eilannen, yn it Lauwersmargebiet, de Alde Feanen en de Lindefallei. Lannelik is de fûgel goed fertsjintwurdige yn it noarden en it westen. De fûgel is hjir fan healwei april oant ein septimber. Hja oerwinterje yn tropysk Afrika en Yndia.

Undersoarten

Fan reidimerkes binne trije ûndersoarten bekend:

Status

Yn Nederlân is it reidimerke lokaal frij algemien. It tal briedpearkes waard yn 2018-2020 op 5000-6100 rûsd. Tusken 1984 en 2010 is it oantal oer de kop gien, mar sûnt 2010 liket de Nederlânske populaasje frij stabyl. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 3.000.000 en 6.000.000 eksimplaren rûsd. De soarte wurdt as net bedrige sjoen.

Fideo fan in sjongend reidimerke

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.