Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rachel (Hebriuwsk: רָחֵל) wie neffens it Alde Testamint de twadde frou fan de aartsfaar Jakob en de suster fan syn earste frou Léa. Hja wie in folle nicht fan Jakob om't syn mem Rebekka in suster wie fan Rachel's heit Laban. Rachel joech berte oan twa soannen: Joazef en Benjamin. Joazef soe letter ûnderkening wurde fan Egypte. Om't Rachel de mem wie fan twa stamheiten fan de Tolve Stammen fan Israel wurdt hja yn it joadendom ta de aartsmemmen fan Israel rekkene.
Jakob moast foar de wraak fan syn twillingbroer Ezau flechtsje om't er him de segen fan syn heit ûntfytmanne hie. Syn heit Izaäk freze dat Jakob yn de takomst in Hettitysk frommis ta him nimme soe en joech him opdracht om nei Paddan-Aram te gean, dêr't syn frou Rebekka wei kaam. Hy stjoerde him nei Laban, de broer fan Rebekka, dy't wol dochters hie en dêr't Jakob ien fan útsykje koe. Underweis, doe't er hast op it plak wie dêr't er wêze moast, kaam er by in boarne in frou tsjin, dy't de skiep hoede. It die bliken dat it syn nicht Rachel wie en Jakob rekke fuortendaliks fereale op har. Nei't er in moanne by Laban taholden hie sei Laban dat er him wol yn it wurk hâlde woe. Jakob die him it útstel dat er sân jier wurkje woe foar Laban as er dan de jongste dochter Rachel trouwe mocht. Laban fûn dat bêst en joech boppedat Rachel leaver oan Jakob dan oan in oar.
Jakob wurke dêrnei sân jier foar Laban en doe't it safier wie waard nei it brulloftsmiel net Rachel, mar har âldere suster Léa troch Laban nei Jakob brocht. Léa wie lang sa moai net as Rachel, neffens de Bibel seach hja flau út de eagen, mar Jakob hie dy nachts neat yn 'e rekken en slepte mei har. Pas de oare deis doe't it ljocht waard en Léa har wale net mear droech seach Jakob dat Laban him te fiter hân hie. Om Rachel dochs as frou te krijen woe Laban dat Jakob nochris sân jier foar him wurkje soe. Jakob koe net oars en wurke nochris sân jier, al krige er Rachel al nei in wike as frou.
Doe't Jakob by Laban in ryk man waard en mei syn froulju, neiteam, fee en besit wer nei Kanaän teach, hie Rachel de ôfgoaden fan Laban stellen. Laban reizge Jakob nei, helle him yn en ferwiet him dat er útnaaid wie sûnder fatsoenlik ôfskie te nimmen. Ek sei er dat er Jakob fertocht syn ôfgoaden stellen stellen te hawwen. Jakob joech Laban doe de gelegenheid om by eltsenien alles nei te sjen en as hy syn byldsjes by immen fûn, dan soe dy net yn libben bliuwe. Rachel hie yntusken alle byldjes yn it sadel dien fan har kamiel en wie der boppe op sitten gien. Doe't Laban's mannen de tinte fan Rachel trochsochten koene hja neat fine. Hja ferûntskuldige har noch foar har heit dat hja net oerein komme koe en sei dat hja ûngesteld wie. En sa bleaune de ôfgoaden ferburgen foar Laban, Laban bleau dy jûns iten en reizge de oare deis werom nei syn eigen stee.[1]
Alhoewol't Jakob fral mei Rachel omsloech en Léa oer wie, krige Léa meardere soannen wylst Rachel lang ûnfruchtber bleau. Op 't lêst joech Rachel it op en waard hja oergeunstich op Léa. Hja naam it beslút om har tsjinstfaam Bilha oan Jakob te jaan, sadat dy nammens har bern jaan koe. Jakob slepte mei Bilha en hja krige twa soannen, Dan en Naftaly. Ek de tsjinstfaam fan Léa, Silpa, soarge dat Jakob noch mear soannen krige. Nei in jiermannich waard Rachel dan dochs noch swier en hja joech berte oan Joazef en Benjamin, de twa soannen dy't Jakob it measte leafhie.
Rachel ferstoar ûnderweis nei Bethlehem. Hja wie heechswier en moast befalle. It waard in tige swiere befalling en hja soe it net oerlibje, mar joech har soan noch krekt foar't hja de lêste siken útblaasde de namme Ben-ony. Jakob feroare Ben-ony yn Benjamin.[2]
Neffens de bibelske oerlevering ferstoar Rachel ûnderweis fan Bet-El nei Efrata by Bethlehem, doe't hja fan har twadde soan Benjamin befalle moast. Op dat plak waard Rachel ek begroeven. [3]
Guon joadske en kristlike argeologen en skiedkundigen tinke dat Joazef yn it grêf fan syn mem Rachel begroeven waard. Rachel stiet yn it joadendom ek symboal foar Israel en de rou om it ferlerne folk Efraïm, dat net út Assyryske finzenskip werom kaam: "Rachel skriemt om har bern, hja wol har net treaste litte"(Jeremia 31:15).
Neffens de genealogy fan Genesis binne de Israelityske stammen Efraïm, Manasse en Benjamin op Rachel as mienskiplike stam-mem werom te fieren. Yn it boek Numeri foarmje dy trije stammen it kamp Efraïm.[4]. Dy stammen befolken neffens it boek Jozua it midden fan Palestina mei as wichtichste sintra Bet-el, Sjilo en Sjichem en Gileäd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.