Remove ads

In aartsfader,[1][2][3] of yn ferkoarte mar teminsten like gongbere foarm aartsfaar,[4][5][6] is yn 'e bibelske kontekst ien fan 'e stamheiten dêr't de âlde Israeliten fan ôfstammen. It byhearrende eigenskipswurd is aartsfaderlik.[7]

Remove ads

Utlis

Yn 'e inge sin wurdt mei de term 'aartsfaders' ferwiisd nei Abraham, dy syn soan Izaäk en syn pakesizzer Jakob. Dy trije figueren libben yn it saneamde aartsfaderlike tiidrek (20e oant 18e iuw f.Kr.) en se spylje in wichtige rol yn it bibelboek Genesis, dat foar in grut diel harren libben beskiuwt. De abrahamityske religyen (dy't ferneamd binne nei Abraham), wêrûnder it joadendom, it kristendom en de islaam, trasearje harren oarsprong werom nei de trije aartsfaders.

Yn bredere sin kin de term 'aartsfaders' ek brûkt wurde foar de tweintich manlike stamheiten tusken Adam (de earste minske) en Abraham yn. De earsten dêrfan wurde ek wol de antediluvyske aartsfaders neamd, d.w.s. de aartsfaders fan foar de Sûndfloed. Fierders wurde ek de tolve soannen fan Jakob en de beide soannen fan Joazef wol ta de aartsfaders rekkene. De froulike wjergader fan 'e aartsfader is de aartsmem, in term dy't folle minder brûkt wurdt as 'aartsfader'.

Remove ads

Aartsfaders

Antediluvyske aartsfaders

  • Adam
  • Set
  • Enosj
  • Kenan
  • Mahalaleël
  • Jêred
  • Henoch
  • Metûsjelach
  • Lamech
  • Noäch
  • Sem

Postdiluvyske aartsfaders

Tolve soannen fan Jakob en twa soannen fan Joazef

  • Rûben
  • Simeon
  • Levy
  • Juda
  • Dan
  • Naftaly
  • Gad
  • Azer
  • Issaskar
  • Sebûlon
  • Joazef
    • Efraïm
    • Manasse
  • Benjamin
Remove ads

Aartsmemmen

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Remove ads

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads