Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Léa (Hebriuwsk: לֵאָה, Le'ah) wie neffens it Alde Testamint de earste frou fan Jakob. Léa wie in dochter fan Laban en de muoikesizzer fan Rebekka, de mem fan Jakob. Hja wie dus de nicht fan Jakob en ek de âldere suster fan Jakob's twadde frou Rachel. Léa waard de mem fan seis soannen, dy't de stamhâlders wiene fan de helte fan de tolve stammen fan Israel. Dêrnjonken krige Léa ek in dochter, Dina.
Nei't Jakob op oantrunen fan syn mem de segen fan syn heit Izaäk fan syn twillingbroer Ezau ûntfytmanne hie, moast er foar Ezau's wraak flechtsje nei in broer fan syn mem, syn omke Laban yn Paddan-Aram. By in boarne kaam Jakob dêr in jong frommiske tsjin en holp har de skiep dy't hja hoede wetter te jaan. It die bliken dat it syn nicht Rachel wie en Jakob wist fuort dat er mei dy frou trouwe woe. In wike of wat letter frege er syn omke om mei har te trouwen en dy fûn it bêst. Sa bleau Rachel teminsten yn de famylje, mar de priis wie dat Jakob sân jier foar him wurkje moast. Doe't de sân jier om wiene waard der foar de brulloft in grut feestmiel taret. Nei't it feest oer wie brocht Laban syn dochter nei Jakob en hja dielden it bêd. Om't syn frou in wale foar hat seach Jakob it bedroch fan Laban net, mar de oare deis die bliken dat Laban net Rachel, mar syn âldere en minder moaie dochter Léa brocht hie. Jakob wie poer dat er Laban him mei de âldste dochter ferrifele hie, mar Laban ferguodlike syn streek en sei dat it net sa hearde om earst de jongste en dêrnei de âldste dochter wei te jaan. Hy stelde Jakob as kompinaasje út om nochris sân jier foar him te wurken, dan koed er ek Rachel krije. Jakob akseptearre syn útstel. Lang hoegde Jakob net te wachtsjen, want in wike letter krige er Rachel al as twadde frou, al moast er him wol hâlde oan syn ûnthjit om nochris sân jier te wurkjen.
It houlik wie foar Léa in sneue saak. Neffens de Skrift seach God dat hja oer wie en dêrom iepene God har skoat as treast. Wylst Rachel gjin bern krige, krige Léa de iene nei de oare soan. Ynearsten wiene dat Rûben, Simeön, Levy en Juda, letter Issaskar en Sebûlon en de dochter Dina.
Om't Rachel ynearsten gjin bern krige bea hja Jakob har slavinne Bilha oan, dy't swier waard en Jakob de twa soannen Dan en Naftali joech. Om't Léa net mear by Jakob slepte en gjin bern mear krije koe, joech ek hja har slavinne Zilpa oan Jakob, dy't ek twa soannen joech: Gad en Azer.
Op in dei kaam Léa's âldste soan Rûben werom fan it fjild mei in leafdesapel foar syn mem. De knol, dêr't nei alle gedachten alrún mei ornearre wurdt, hie de reputaasje om de fruchtberens te fergrutsjen. Om't Rachel frustrearre wie dat hja sels net swier rekke, frege hja, yn ruil foar in nacht mei Jakob, de leadesapel fan Léa. Dat like Léa wol goed ta en dy nacht slepte hja mei Jakob. Léa rekke op 'e nij swier en krige in soan, Issaskar. Dêrnei waarden ek noch Sebûlon en Dina berne. Doe tocht God oan Rachel en makke dat hja twa soannen krige: Joazef en Benjamin.
Yn 'e rin fan de tiid gyng it Jakob goed en wylst Jakob's feestapel jimmeroan grutter waard, rekke Laban hieltiten mear kwyt. De oergeunst by Laban wie grut en it waard tiid foar Jakob om werom te gean nei syn famylje. Sawol Léa as Rachel stipen Jakob, beide dochters wiene yn harren heit teloarsteld; hy hie harren ferkocht en ek nochris harren erfenis der trochhinne jage. Beide froulju reizgen mei Jakob en al it neiteam en it fee út Paddan-Aram nei it lân Kanaän.
Léa ferstoar in pear jier nei har suster Rachel en waard begroeven yn de spelonk fan Makpela, dêr't neffens de tradysje ek Abraham en Sara, Izaäk en Rebekka en Jakob begroeven binne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.