From Wikipedia, the free encyclopedia
Pinkpop is in popfestival fan trije dagen dat alle jierren yn Landgraaf holden wurdt. Sûnt 1970 is it gewoan wei yn it Pinksterwykein.
Pinkpop | ||
Pinkpop 2010 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Limboarch | |
gemeente | Landgraaf | |
plak | Schaesberg | |
holden yn | Megaland | |
tiid fan it jier | juny / om Pinkster hinne | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | popmuzyk | |
bestean | 1970 – no | |
oprjochter | Stichting Werkgroep Jongeren Centra | |
org. troch | Buro Pinkpop | |
offisjele webside | ||
www.pinkpop.nl |
It festival duorret sûnt 1996 trije dagen en lûkt sawat 68.000 minsken deis. Sûnt de earste edysje hat it festival mear as 1,5 miljoen besikers hân en ha mear as 500 ferskate artysten en bands der spile. [1]
Pinkpop is it langst rinnende jierlikse popfestival yn 'e wrâld.[1] It festival is in pear kear fan lokaasje feroare. Yn prinsipe wurdt it evenemint sûnt 2008 yn elk jier wêryn Pinkster betiid falt net hâlden mei Pinkster, mar yn in oar wykein, dat yn of tichterby de moanne juny is. De reden dêrfoar is dat Pinkster te fier fan oare Europeeske festivals wêze soe en dat der dan net in soad bands op toernee binne. Dêrtroch koene te min bands yn it Pinksterwykein optrede. Dêrmei hie it evenemint yn 2005 in minne ûnderfining.
Pinkpop is sûnt 1996 in festival fan trije dagen. It fynt plak op sneon, snein en Pinkstermoandei. De moandei, Twadde Pinksterdei, is tradisjoneel de dei wêrop oft de measte en meast ferneamde bands optrede. Yn jierren as it festival net wurdt holden yn it Pinksterwykein, fynt it plak op freed, sneon en snein en dan komme de measte en meast ferneamde bands op snein. Moandei is dan nammentlik gjin frije dei foar de measte minsken. Oant de edysje fan 2005 koene de sneon en snein fan it festival allinich mei in kaart foar it hiele festival besocht wurde. Sûnt de edysje fan 2006 is it mooglik om losse deikaarten te keapjen.
Pinkpop hat fjouwer poadia. De Mainstage (foarhinne Zuidpodium) is it wichtichste poadium mei de measte romte foar it publyk. Op dat poadium spylje de grutste artysten. It IBA Parkstad Stage (earder 3FM Stage of Noordpodium) is oan 'e oare kant fan it terrein. Njonken it Main Stage stiet de Brightlands Stage (earder Brand Bier Stage, Converse Stage, 3FM-tinte of gewoan tinte). Dat is in yndoorpoadium, in roze tinte, en is oanmerklik lytser en yntimer. Yn 2014 waard in poadium derby dien: Stage 4, op 'e lokaasje dêr't de Open Air Cinema en de festivalmerk earder wiene. Dit poadium biedt romte oan artysten wêrfan't de organisaasje fan Pinkpop tinkt dat se oer in pear jier goed genôch binne foar it haadpoadium.
Op 1 juni 2019 waard bekend dat Pinkpop fan 2020 oant 2029 net mei Pinkster is, mar yn it twadde wykein fan juny. De reden is dat Pinkster te betiid yn it jier falt yn dit desennium. Dêrtroch soe Pinkpop te folle lêst ha fan konkurrinsje út Amearika. [2]
Hans van Beers, Wim Wennekes, Jan Smeets en Frits van Reysen binne de oprjochters fan Pinkpop. Yn 1969 waard in popfestival organisearre troch Hans van Beers en Wim Wennekes op 'e Gulperberch. It orizjinele plan, in talintesjo, waard al gau mei opholden. It evenemint waard in echt lokaal popfestival dêr't benammen Limburgse bands spilen en de besikers har eigen iten meinommen. De opset fan it evenemint yn kombinaasje mei de datum wêrop oft it plakfûn (Twadde Pinksterdei, 26 maaie 1969) late ta de namme Pinknick.
In jier letter waard it evenemint grutter oanpakt. It begon mei Jan Smeets en Frits van Reysen dy't graach in ynternasjonale artyst nei Limboarch helje woene. Se keazen foar Melanie. Dat konsert waard annulearre om't Melanie's siik wie. De fjouwer oprjochters besletten om as alternatyf in twadde edysje fan Pinknick te organisearjen, no grutter ynsteld en op in oare lokaasje: it Burgemeester Damen Sportpark yn Geleen. De namme waard feroare yn 'Pinkpop'. De earste edysje fan Pinkpop wie yn maaie 1970, yn feite de twadde edysje fan Pinknick. Yn 1971 frege Frits van Reysen oan Wim Claessen om by de organisaasje te kommen.
Yn 1976 wie it festival foar it earst útferkocht. Dit wie ek it gefal foar de fiif folgjende edysjes.
By it 25-jierrich jubileum yn 1994 waard it festival omfoarme en krige twa bûtenpoadia en ien poadium yn in tinte. Boppedat wie it evenemint net mear allinnich op de Pinkstermoandei, mar ek op de snein dêrfoar. Sûnt 1996 duorret it festival trije dagen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.