From Wikipedia, the free encyclopedia
Pewsum is in plak yn East-Fryslân in it Dútske Bûnslân Nedersaksen. Pewsum is it haadplak fan de gemeente Krummhörn en hat sa'n 3352 ynwenners (2006).
De âlste fernijing fan Pewsum is al fan 945. Neffens in oarkonde wie er doe in boarch fan it laach Manninga dat letter haadlingen yn East_Fryslân leverje soe. Yn 1565 komt de boarch oan de Sirksena's dy't dan al greve fan East-Fryslân binne. Bekende minsken dy't yn Pewsum wenne hawwe binne: de Sweedske maarskalk Dodo fan Knyphausen, generaal Peter Ernst II fan Mansfeld en karfoarst Freark Willem I fan Brandenboarch.
Yn de 18e iuw rekke it kastiel yn it ferfal, waard foar in part ôfbrutsen en ferkocht. Wat oerbleau is restaurearre en part wurden fan it Eastfrysk Iepenloftmuseum (Ostfriesisches Freilichtmuseum).
Yn 1972 ferlear Pewsum syn selsstannigens doe't it opgie yn de nije gemeente Krummhörn.
Pewsum is in Lutersk eilân yn de gemeente Krummhörn dat fierders oerhearske wurdt troch de Evangelysk Herfoarme Tsjerke. Har tsjerke is de St. Nikolaastsjerke (St. Nikolai-Kirche) út de 14e iuw, dy't in nije foargevel krige yn 1862[1].
De kapel fan St. Hedwig is út 1959, boud op in perseel fan flechtlingen út de eardere eastlike kriten fan Dútslân. De gemeente wurdt betsjinne troch de katolike parochy fan Emden.
De Bruorren fan Pewsum hâlde gearkomsten yn de eardere beukerskoalle. Oarspronklik sieten hja yn Hamswehrum. De Baptisten fan Pewsum hawwe har sintrum yn Jennelt, mar yn Pewsum komt ek in groepke byinoar.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.