De Penthouse of Penthouse Magazine is in Amerikaansk neaken- en pornoblêd, dat neakenfotografy (en tusken 1998 en 2005 teffens pornografy) kombinearret mei urban lifestyle-artikels foar heteroseksuële manlju. It waard yn 1965 yn Grut-Brittanje oprjochte troch de Amerikaan Bob Guccione (1930-2010), en ferskynt fan 1969 ôf ek yn 'e Feriene Steaten. De Penthouse ûnderskate him fan syn grutte konkurrint, de Playboy, trochdat der altiten krekt wat eksplisitere foto's yn publisearre waarden. It blêd makke Guccione ta ien fan 'e rykste manlju yn Amearika. De modellen fan 'e moanne fan 'e Penthouse wurde Penthouse Pets neamd (yn neifolging fan Playboy Playmates).
Penthouse | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk, ferskaat | |
sjenre | neakenfotografy | |
frekwinsje | 1x de moanne | |
bestean | 1965 – no | |
oprjochter | Bob Guccione | |
plak haadred. | Los Angeles (Kalifornje) | |
útjouwer | Penthouse Global Media, Inc. | |
oplaach | 350.000 (2013) | |
ISSN | 0090-2020 | |
offisjele webside | ||
www.penthousemagazine.com |
Skiednis
De Penthouse waard troch Guccione yn 1965 yn Grut-Brittanje oprjochte om't der yn 'e Feriene Steaten yn dy tiid noch in grutte maatskiplike wjeraksel tsjin sokke útjeften bestie. Yn septimber 1969 ferskynde it earste nûmer fan 'e Amerikaanske edysje. De Penthouse hie altiten in krekt wat eksplisitere ynhâld as de Playboy, de grutte konkurrint. Sa hiene de beide blêden yn 'e jierren sechstich en de iere jierren santich in soarte fan wedstryd oer wa't fan syn modellen op 'e foto's it measte skamhier sjen liet. Dat waard yn 'e Amerikaanske media de Pubic Wars neamd (nei pubic hair, "skamhier"), in wurdspiling op 'e Punic Wars (de Punyske Oarloggen, út 'e Aldheid, tusken it Romeinske Ryk en Kartago). Fierders printe de Penthouse yn it begjin fan 'e jierren njoggentich saneamde pink-shots ôf (foto's wêrop't de fagina's fan 'e modellen te sjen wiene), wylst dat yn 'e Playboy doedestiden noch taboe wie.
Yn 1998 begûn de Penthouse as reäksje op 'e delgeande ferkeapsifers ek pornografyske foto's te pleatsen, dêr't echte orale, faginale en anale penetraasje op te sjen wie, te begjinnen mei bylden fan 'e beruchte Stolen Honeymoon-sekstape fan aktrise Pamela Anderson en Mötley Crüe-drummer Tommy Lee.
It mocht lykwols net bate, en General Media, Inc., de memme-ûndernimming fan 'e Penthouse, gie yn 2003 fallyt. Neffens oprjochter Bob Guccione hie it blêd doe sûnt 1969 $3,5 oant $4 miljard brutowinst makke, mei in nettowinst fan om 'e $0,5 miljard hinne. Mei in kaptaalynjeksje troch Cerberus Capital Management koe General Media in trochstart meitsje, hoewol't der yn 'e top fan it bedriuw in wikseling fan 'e wacht plakfûn. Guccione sels stapte yn 2004 op. De nije eigners swakken de ynhâld fan 'e Penthouse wer ôf ta neakenfotografy, mar de ferkeapsifers holden net op fan omleech te gean. De hjoeddeiske oplaach fan it blêd is likernôch 350.000 eksimplaren. Op 17 septimber 2013 frege de Penthouse útstel fan betelling oan.
Yn 2007 naam General Media it bedriuw FriendFinder Network oer, in holding foar mear as 8.000 websiden op it ynternet, wêrby't it almeast giet om dating sites, lykas AdultFriendFinder.com. Neitiid feroare General Media syn namme yn FriendFinder Network.
Skandalen
It septimbernûmer fan 'e Penthouse út 1984 joech nochal wat opsjoch. Yn it foarste plak wie de Pet fan dy moanne de beruchte Traci Lords, dy't doe noch oan it begjin stie fan har karriêre as pornografysk aktrise. Jierren letter kaam út dat se de hiele pornoyndustry en in ferskaat oan oerheidsynstânsjes foar de gek holden hie mei in fakkundich ferfalske identiteitsbewiis, en dat se yn 1984 noch mar fyftjin jier west hie. Yn itselde nûmer stie ek de neakenfotografyske rapportaazje oer Vanessa Williams, dy't letter keazen waard ta Miss America, mar wa't dy titel wer ûntnommen waard nei't oan it ljocht kaam dat se foar de Penthouse posearre hie.
Underskate edysjes
Dit is in opsomming fan 'e ûnderskate edysjes fan 'e Penthouse (stân fan saken oktober 2010):
|
|
Oare aktiviteiten
Njonken de útjefte fan it blêd sels, hat de Penthouse him ek dwaande holden mei oare aktiviteiten, lykas de útjefte fan ûnderskate mainstream-tydskriften op it mêd fan auto's en motorsport. Dy blêden waarden yn 1999 foar $33 miljoen fan 'e hân dien oan Peterson Automotive, dé Amerikaanske nasjonale útjouwerij op it mêd fan auto's en sa. Penthouse hie yn 'e njoggentiger jierren ek ferskate tydskriften op it mêd fan sûnens yn besit, lykas Omni en Longevity, mar oars as de autoblêden makken dy ferlies, en kosten se Penthouse hast $100 miljoen ear't se opdoekt waarden. Fierders is Penthouse ek al sûnt de njoggentiger jierren aktyf as filmstudio, wêrby't it eroatyske, sêftpornografyske en foarhinne ek hurdpornografyske titels útbringt.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.