Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De VIIe Paralympyske Simmerspullen waarden yn 1984 hâlden yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) en New York, (Feriene Steaten).
VIIe Paralympyske Simmerspullen | ||||
Flagge fan de Grut Britanje | ||||
holden yn | Stoke Mandeville, Grut-Brittanje | |||
jier | 1984 | |||
dielnimmende atleten | 1100 | |||
eveneminten | ~300 yn 10 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 23 july | |||
slutingsseremoanje | 1 augustus | |||
edysjes | ||||
foarige | 1980 Arnhim | |||
folgjende | 1988 Seoul | |||
|
De Paralympyske Simmerspullen fan 1984 waarden yn twa ferskillende lannen organisearre. Dit wie foaral te witen oan de Amerikaanske handikaptensport Organisaasjes en de wize fan Fûnsenwinnen. Mei namme de Amerikaanske Rolstoelsport Organisaasje woe sa’n soad ynfloed ha en sporters op de Spullen, dat it foar de oare Organisaasjes (Blinnen, Spastysksi en Amputearden) net te akseptearjen wie. Dy trije nasjonale organisaasjes besletten dêrop de mei ynstimming fan de 3 ynternasjonale Organisaasjes: IBSA (Blinnen), CP-ISRA (Spastysksi) en ISOD (Amputearden) om de Paralympyske Spullen yn New York, de Feriene Steaten te hâlden fan 16 juny oant 30 juny 1984, sûnder de rolstoelsporters.
Troch dy beslissing kamen de Spullen foar de rolstoelsporters op de tocht te stean. In poging om de Spullen foar rolstuollers dochs yn de Feriene Steaten te organisearjen, yn de steat Illinois en de stêd Champaign, fan 19 juny 1984 oant 4 july 1984, bleken al gau Finansjeel net helber, om’t de Amerikaanske Regearing al finansjele tasizzings dien hie oan de Spullen yn New York. Troch al it geharrewar trokken in protte grutte Sponsoren har ek werom. Under grutte ynternasjonale druk wie it Bestjoer fan Ynternasjonale Organisaasje foar de rolstoelsporten, ree te ûndersykjen as de Spullen ek yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) organisearre wurde koene. Op dy lokaasje waarden ek altyd de jierlikse "Stoke Mandeville Spullen" hâlden. Spittigernôch blykte ek dêr, troch de koarte tiid dy’t noch beskikber wie, dat it jild dêr ek de Stroffelstien wurde soe.
De Nederlanner Pieter Joon, lid fan it bestjoer fan de ISMGF en fan it Nasjonaal Fûns Sport Gehandicapten (NFSG) yn Nederlân, en ek fisefoarsitter fan de Nederlânske ynfaliden Sportbûn (NIS) hat in wichtige finansjele subsydzje fan it NFSG krije kinnen foar de Spullen yn Grut Brittanje. Allinne troch dy finansjele stipe út Nederlân koene de Spullen fan 23 july 1984 oant 1 augustus 1984 in Stoke Mandeville organisearre wurde.
Dit jier stiene der 18 sporten op it programma, wêrfan Wrakseljen foar it lêst, en de Hynstesport foar it earst.
Yn totaal diene der sa'n 45 lannen mei oan de Spullen fan 1984.
Paralympyske Spullen | |
---|---|
Simmerspullen: Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 |Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032 | |
Winterspullen: Örnsköldsvik 1976 | Geilo 1980 | Innsbruck 1984 | Innsbruck 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026 | |
· · |
Paralympyske Simmerspullen 1984 | |||
---|---|---|---|
Atletyk |
Bankdrukken |
Basketbal |
Boccia |
Bôgesjitten |
CP-fuotbal |
Follybal |
Gewichtheffen |
Goalball |
Hynstesport |
Hurdfytsen |
Koersbal |
Sjitsport |
Skermjen |
Snooker |
Swimmen |
Tafeltennis |
Wrakseljen
| |||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.