In kapitulaasje of oerjefte is yn it oarlochsrjocht in offisjele ferklearring dat ien fan 'e stridende partijen de striid staakt en himsels en syn gebiet ûnder it tafersjoch fan (ien fan 'e) oare partij(en) pleatst. In kapitulaasje kin yn grutte fariëarje fan in legerôfdieling, oant in stêd of grutter gebiet, oant in hiel lân of sels in groep fan lannen. In bekende wize om yn 'e striid oan te jaan dat men ree is op te kapitulearjen, is om in wite flagge te hysjen. Neffens de Haachske Konvinsje fan 1899 moatte kapitulaasjes foldwaan oan 'e regels fan militêre eare. As sa'n oerienkomst ienris sletten is, moatte alle partijen har deroan hâlde. Faak moat in yn it fjild sletten kapitulaasje trouwens letter noch troch it regear fan 'e oerjaande steat ratifisearre wurde.

Thumb
De Kapitulaasje fan Pieter Stuyvesant, troch Charles Hemstreet: Stuyvesant joech yn 1664 de koloanje Nij-Nederlân oer oan 'e Ingelsen.

Der binne twa soarten fan kapitulaasjes. As der neat by fermeld wurdt oer betingsten, giet it ornaris om in kapitulaasje mei betingsten, wêrby't de oerwinnende partij saken as de godstsjinstfrijheid en de feilichheid fan priveebesit fan 'e oerjaande partij garandearret, wylst de oerjaande partij plechtich ûnthjit om yn in ôfsprutsen perioade net wer de wapens op te nimmen. By in kapitulaasje sûnder betingsten biedt de oerwinnende partij lykwols gjin inkele garânsje, en leveret de oerjaande partij himsels folslein oer oan 'e oerwinners.

De term 'kapitulaasje' komt út it Latyn, fan capitulum, dat "kopke" of "ôfdieling" betsjut, of fan capitulare, dat "in oerienkomst slute" bestjut. Histoarysk ferwiist it nei in regel dy't yn it Osmaanske Ryk hantearre waard, wêrby't de ûnderdienen fan in oerwûn kristlik gebiet neffens it islamitysk rjocht frijsteld waarden fan in stikmannich foar moslims jildige wetten. Ek mochten se skelen en misdriuwen wêrby't gjin moslims belutsen wiene nei harren eigen gewoanterjocht oplosse en bestraffe. Oan 'e oare kant krigen se gjin boargerrjochten binnen it Osmaanske Ryk en moasten se in hegere belesting betelje, en boppedat stiene se bleat oan 'e devşirme dat in mingfoarm fan slavernij en tsjinstplicht wie foar in beskaat kwotum oan kristlike jonges.

Der binne noch twa oare histoaryske betsjuttings fan it wurd 'kapitulaasje'. It koe nammentlik ek ferwize nei in kontrakt wêrby't in hiel rezjimint soldaten troch de iene steat oan 'e oare ferhierd waard. Dat barde yn Nederlân foar it lêst yn 1814, doe't kening Willem I in pear Switserske rezjiminten yn 'e tsjinst naam, dy't pas yn 1829 wer ôftanke waarden. Fierders koe 'kapitulaasje' yn 'e Midsiuwen ek ferwize nei de ûnthjitten dy't fan in keazen bestjoerder, lykas in abt, biskop of sels de paus, ôftwongen waarden foar't er yn syn funksje beneamd waard. Nei Karel V waarden ek alle keizers fan it Hillige Roomske Ryk oan dy praktyk bleatsteld, en yn it Poalsk-Litouske Mienebêst waard sa'n 'kapitulaasje' fan 'e sechstjinde iuw ôf troch de adel brûkt om 'e macht fan 'e (keazen) kenng te beheinen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.