From Wikipedia, the free encyclopedia
Nastassja Kinski, berne as Nastassja Nakszynski (Berlyn, West-Dútslân, 24 jannewaris 1961) is in Dútske aktrise. Sy waard bekend mei har rol yn Roman Polanski's film Tess út 1979 en spile yn meardere films fan de Dútske regisseur Wim Wenders. Yn totaal hat hja yn sa'n 60 films meidien.
Kinski is de dochter fan akteur Klaus Kinski, mei wa't se yn har jeugd net folle kontakt hân hat. Har âlden giene út elkoar yn 1968 en Nastassja en har mem sieten doe krap.
Se begûn har filmkarriêre al yn har tsienertiid. Har filmdebút wie yn Falsche Bewegung fan Wim Wenders út 1975. Mei 15 jier krige hja in ferhâlding mei de folle âldere filmregisseur Roman Polanski. Hy finansiere har aktearstúdzje en yn 1979 joech er har de titelrol yn syn ferzje fan Tess of the d'Urbervilles fan Thomas Hardy. Net lang nei dit súkses posearre se foar de bekende fotograaf Richard Avedon. Dat smiet in poster op, wêr't hja neaken op stiet mei alinne in grutte wurchslang om de lea. It makke har ta in tige populêr sekssymboal. Yn dy snuorje dielde sy in appartemint mei Demi Moore.
Nei Paris Texas fan Wenders waard har súkses wat minder. Hja hat nea de status fan grut filmstjer berikke kind, grutte rollen bleaune út.
Letter wie Kinski te sjen yn wat mear artistyke films foar in lytser publyk, sa as In weiter Ferne, so nah! fan Wim Wenders út 1993. Yn 1994 die hja mei oan in grutte publyksfilm, de thriller Terminal Velocity en yn 1997 wie se te sjen yn in serieus drama One Night Stand fan Mike Figgis (1997).
Yn de jierren tachtich krige se in relaasje mei de Egyptyske filmmakker Ibrahim Moussa. Se wiene troud fan 10 septimber 1984 oant 1992, krigen twa bern; in soan, Aljosha, 1984, en in dochter, Sonja, berne yn 1986. Muzykprodusint Quincy Jones wie har partner yn de njoggentiger jierren. By him hat se in dochter, Kenia berne yn 1993.
Nastassja Kinski sprekt floeiend Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Italjaansk en Russysk. Yn 2001 fernijde Kinski yn in ynterview dat se oanhelle is mei de sliepsteunis narkolepsy.[1]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.