Klaus Kinski, pseudonym fan Nikolaus Günther Nakszyński, (Sopot, 18 oktober1926 - Lagunitas, Kalifornje, 23 novimber, 1991) wie in Dútsk akteur, ferneamd om syn ynbannich spyljen en fanwege syn eksplosive temperamint. Hy aktearre yn mear as 130 films en wurdt wierskynlik it meast ûnthâlden troch syn gearwurking mei skriuwer/regisseur Werner Herzog.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie Kinski by de paratroepen en waard finzen nommen troch it Britske leger yn Nederlân, ein 1944. Yn it kriichsfinzenekamp "Camp 186" yn Berechurch Hall yn Colchester, Essex, Ingelân, stie er foart it earst op de planken.
Yn 1950 hat Kinski trije dagen opnommen west yn in psychiatrysk sikehûs; syn medyske status sprekt dan fan in foarstadium fan skizofreny
Kinski ferskynde yn ferskate Dútske films fan Edgar Wallace. Syn gearwurking mei Werner Herzog brocht him ynternasjonale ferneamdens. Hja hawwe fiif films tegearre makke: Aguirre: The Wrath of God (1972), Woyzeck (1978), Nosferatu the Vampyre (1979), Fitzcarraldo (1982), en as lêste Cobra Verde (1987). Yn 1977 blonk er út as terrorist Wilfried Böse yn de Israelyske film Operation Thunderbolt, basearre op Operaasje Entebbe yn 1976. Yn Kinskis lêste film (dy't er skreau én regisearre), Kinski Paganini (1989), spile er de rol fan Niccolò Paganini, de legindaryske fioelist.
Kinski is trijeris troud west en hie trije bern, dy't ek alle trije akteur wurden binne. It bekendst is syn twadde dochter, Nastassja Kinski, dy't komselden kontakt hiene.
Houliken:
Gislint Kühlbeck (fan 1952 oant 1959) - dochter, Pola
Ruth Brigitte Tocki (1960 oant 1971) - dochter, Nastassja
Minhoi Geneviève Loanic (an 1971 oant 1979) - soan, Nikolai
Morituri (1948)
Decision Before Dawn (1951) (uncredited)
La Paura (1954) (uncredited)
Ludwig II: Glanz und Ende eines Königs (1954)
Kinder, Mutter und ein General (1954)
Hanussen (1955)
Um Thron und Liebe (1955)
Waldwinter (1956)
Geliebte Corinna (1956)
A Time to Love and a Time to Die (1958) (uncredited)
Klaus Kinski: All I Need Is Love (1988), ISBN 0-394-54916-3, lettere titel: Kinski Uncut: The Autobiography of Klaus Kinski (1997), ISBN 0-14-025536-2.
Christian David: Kinski. Die Biographie. (2006), Berlin: Aufbau-Verlag 2006. ISBN 3-351-02647-1
Peter Geyer: Klaus Kinski: Leben, Werk, Wirkung (2006), Frankfurt am Main: Suhrkamp 2006. ISBN 351818220X