From Wikipedia, the free encyclopedia
Jhr. Montanus de Haan Hettema (Boalsert, 28 jannewaris 1796 - Ljouwert, 18 desimber 1873) wie fan berop jurist en hâlde him dwaande mei de stavering, foarm en lûdlear fan it Aldfrysk dêr't er in protte publikaasjes oan wije lykas oer de Fryske skiednis en genealogy.
Montse Hettema waard grut te Boalsert as soan fan de winkelman Hans Hettema, katolyk en patriot, en Jantje Gerbens fan Albada. Hettema folge de rjochtestúdzje yn Grins en promovearre op 7 juny 1817. Gebrûk meitsjend fan bestjoerlike herfoarmingen slagge it de ambisjeuze Hettema, op frauduleuze wize, om de Grinzer akademy as jonker te ferlitten en yn 1815 talitten te wurden ta it Ridderskip fan Fryslân. De Hege Ried fan Adel woe lykwols neat witte fan Hettema syn oanfraach om baron wurde te kinnen. Hy boaske yn 1818 mei Eufemia Smit (1795-1858), dochter fan in Grinzer logeminthâlder en doe al mem fan in famke. Der soenen noch sechstjin bern folgje.
Hy wie advokaat yn Ljouwert, lid fan Provinsjale Steaten (1819-1829). It slagge him net om dêrnei noch yn de Steaten ferkeazen te wurden. Yn 1838 waard er rjochter by de arrondissemintsrjochtbank. Yn 1838 waard hy as bern oannaam troch frou De Haan, waans namme er taheakke oan syn fan, Hettema.
Doe't syn politike karriêre heakjen bleau, bemuoide er him mei Fryske taal- en rjochtsskiednis dêr't er ûnder ynfloed stie fan Jacob Grimm en Rask en bestudearre de Juniana yn Oxford. Foar it Frysk gie syn foarkar foar de stavering út nei it argayske Midfrysk fan Gysbert Japicx. Bygelyks Joast Hiddes Halbertsma wie syn opponint op dat mêd. Hettema's opfettings fûnen wol wjerklank yn de rûnten fan it tydkrift Iduna, mei fan gefolgen dat de Halbertsma- en de Iduna-stavering mekoar in skoft bekonkurrearren.
Yn de omgong mei minsken wie Hettema net maklik en ek syn wurk op it mêd fan taal en skiednis wie omstriden.
Under oaren:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.