Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Maria Cornelia Gezina (Mona) Keijzer (Edam, 9 oktober 1968) is in Nederlânsk politikus. Sûnt 2 july 2024 is se minister fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering en fjirde fise-premier yn it kabinet-Schoof. Dêrfoar wie se foar it CDA fan 26 oktober 2017 oant en mei 25 septimber 2021 yn it kabinet Rutte III steatssekretaris fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Op 25 septimber 2021 waard hja ûntslein nei't hja yn in fraachpetear fragen stelde by de ynfiering fan de koronapas troch it regear. Yn 2023 se se it lidmaatskip fan it CDA op en waard se warber út namme fan de BBB.
Mona Keijzer | ||
Algemien | ||
Berne | 9 oktober 1968 | |
Berteplak | Edam | |
Funksje | Minister fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardening | |
Sûnt | 2 july 2024 | |
Partij | CDA (1989-2023) BBB (2023-no) | |
Religy | Roomsk-katolyk | |
Titels | mr.drs. | |
Politike funksjes | ||
1994-2002 | Gemeenteriedslid Wetterlân | |
1996-1998 | Fraksjefoarsitter CDA yn Wetterlân | |
1998-2005 | Wethâlder en loko-boargemaster yn Wetterlân | |
2007-2012 | Wethâlder yn Purmerein | |
2010 | Gemeenteriedslid Purmerein | |
2012-2017 2021 2023-2024 | Lid Twadde Keamer | |
2024-no | Minister fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering Fise-premier |
Keijzer waard yn Volendam yn in roomsk fermidden grutbrocht en gyng fan 1981 oant 1987 nei it FWU op it Sint-Werenfridus yn Hoarn. Fan 1987 oant 1992 studearre hja juridyske bestjoerskunde en fan 1992 oant 1997 Nederlânsk rjocht oan de Universiteit fan Amsterdam.
Yn jannewaris 1991 sette hja útein mei har karriêre as juridysk beliedsmeiwurker by de gemeente Wetterlân. Tusken 1993 en 1994 wie hja managementtrainee by de Ryksuniversiteit Leien. Dêrnei hie hja juridyske funksjes by de Ynspeksje Milieuhygiëne Gelderlân en Almeare. Yn 2006 folge hja in abbekatenoplieding en mediatoroplieding en waard hja abbekaat en sertifisearre mediator yn Purmerein.
Fan 1994 oant 2005 wie Keijer polityk aktyf foar it CDA. Hja wie riedslid en wethâlder yn de gemeente Wetterlân. Tusken 2007 en 2012 waard Keijer wethâlder fan Purmerend, dêr't hja WMO, wolwêzen, soarch, jongereinsoarch, sport en rekreaasje yn 'e portefeuille hie.
By de Twadde Keamerferkiezings fan 2010 stie Keijzer op plak 67 fan de kandidatelist foar it CDA. Hja helle 422 foarkarstimmen en wurke dêrnei mei oan de takomstige koers fan it CDA.
Yn maaie 2012 stelde hja har kandidaat foar it listlûkerskip by de Twadde Keamerferkiezings 2012. Hja lei it doe ôf tsjin Sybrand Buma, dy't yn 'e earste ronde mear as 50% fan de stimmen krige. Keijzer waard doe op nûmer 2 fan de CDA-kandidatelist set en krige 127.446 foarkarstimmen. Yn 'e Twadde Keamer waard hja yn dat tiidrek wurdfierder fan de ferpleech- en thússoarch en kultuer.
By de Twadde Keamerferkiezings fan maart 2017 stie Keijzer wer op it twadde plak fan de kandidatelist en krige doe 165.384 foarkarstimmen. Hja bleau oant 26 oktober 2017 lid fan de Twadde Keamer, doe't hja as staatssekretaris ynstallearre waard.
Mei't Sybrand Buma yn 2019 boargemaster fan Ljouwert waard, besocht Mona Keijzer foar in twadde kear har partij de lieden, mar de partijtop keas doe foar Pieter Heerma.
By de Twadde Keamerferkiezings fan maart 2021 stie hja op it fjirde plak fan de CDA-kandidatelist. Mei de alderslimste útslach foar de Kristen-Demokraten ea krige Keijzer 18.031 foarkarstimmen.
Yn 2020 besocht Mona Keijzer foar de tredde kear it CDA te lieden en yn in striid mei Pieter Omtzigt en Hugo de Jonge wûn Hugo de Jonge it krekt fan Pieter Omtzigt. Neffens twa registeraccountants dy't de ferkiezings nei meldingen fan misstannen kontrolearren is dêrby sa'n soad misgien, dat der nea in winner oan te wizen wie.[1]
Op 31 maart 2021 waard hja wer Twadde Keamerlid. Har funksje as steatssekretaris fan it yntusken demisjonêre kabinet-Rutte III hold hja oan.
Keijzer wie kritysk oer de koronamaatregels fan it regear en hja woe fral opkomme foar de ûndernimmers. Yn 'e simmer fan 2021 brocht dat swierrichheden yn it yntusken demisjonêre kabinet en Keijzer drige in pear kear mei opstappen. Ien fan de striidpunten wie de ynfiering fan de koronapas, dêr't Keijzer grutte fragen by stelde en dat yn in fraachpetear mei De Telegraaf op 25 septimber 2021 yn it iepenbier die. Hja joech dêrby oan dat hja grutte muoite hie om it belied langer oan de minsken út te lizzen.[2]
Om't har miening yn striid is mei it begjinsel dat nei bûten ta it kabinet mei ien mûle praat, waard Keijzer dyselde deis frege op te stappen. Nei't hja dat wegere droech minister-presidint Mark Rutte nei oerlis mei oare leden fan it kabinet Keijzer by de kening foar om har fuortendaliks dien te jaan, dat dyselde deis noch op de meast earfolle wize barde. Soks wie sûnt 1975 net mear foarkommen, doe't Jan Glastra-van Loon nei in fraachpeter mei it Algemien Deiblêd en Frij Nederlân mei Dries van Agt yn konflikt kaam en dêrnei ûntslein waard.[3] Op fersyk fan de CDA-fraksje joech hja twa dagen letter ek har keamersit op.[4]
Nei't Wopke Hoekstra yn 2022 syn keamersit opjoech om minister fan Utlânske Saken te wurden yn it kabinet Rutte IV hie Mona Keijzer nei har ûntslach yn septimber formeel rjocht op de frijkommende sit yn de Twadde Keamer. Rutte IV fertsjintwurdige yn maart 2021 meiïnoar in lytse mearderheid fan 78 sitten. Ien dêrfan wie it regear al kwyt mei't Pieter Omzigt, allinne al mei syn foarkarstimmen goed foar fiif sitten, de CDA-fraksje ferlitten hie en syn sit hold. As Mona Keijzer no gebrûk makke fan har rjocht op de frijkommende sit, dan soe foar it regear de krapst mooglike mearderheid fan 76 sitten oerhâlde.
Keijzer makke lykwols gjin gebrûk fan dat rjocht,[5] en gie fierder mei har striid tsjin de koronapas. Mei in petysje wist hja yn trije dagen tiid 500.000 hantekeningen byinoar te sammeljen.[6]
Yn juny 2023 waard bekendmakke dat Mona Keijzer meiwurkje soe oan it opstellen fan it CDA-ferkiezingsprogram foar de Europeeske Ferkiezings 2024. Mona Keijzer wie kritysk oer de Europeeske Uny en fûn dat dy him tefolle bemuoide mei saken, dy't de lannen sels better regelje kinne.[7]
Op 4 augustus waard bekend dat Mona Keijzer it lidmaatskip fan it CDA opsein hie. De reden fan it opsizzen soe lizze yn it troch in lobby fan Hugo de Jonge nei foarren skowen fan de Nimweechske boargemaster Hubert Bruls as mooglike CDA-listlûker foar de Twadde Keamerferkiezings 2023. Dêr hie Mona Keijzer krityk op en de reaksje dêrop fan in oare foarstanner fan Bruls as listlûker, foarsitter Hans Huibers, die dêrnei foar har de doar ticht.[8]
Op 1 septimber 2023 waard bekend makke dat Mona Keijzer foar de BoerBoargerBeweging útkomt en op nûmer 2 fan de kandidatelist fan de partij set is foar de Twadde Keamerferkiezings yn novimber 2023. Caroline van der Plas skode Mona Keijzer nei foarren as kandidaat minister-presidint.[9]
Op 2 july 2024 waard Keijzer beneamd ta minister fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardening en fjirde fise-premier yn it kabinet-Schoof. Doe't it kabinet oantrede waard it ministearje nei 42 jier fanijs oprjochte nei't der yn it foargeande kabinet al in minister sûnder portefúlje wie op dat mêd.
Mona Keijzer is boaske en hat fiif bern.
In maaie 2024 diene tsien juristen en in historikus oanjefte tsjin Keijzer omreden útspraken dy't se yn it telefyzjeprogramma Sophie & Jeroen makke. Neffens de oanjefte soe se moslims as groep misledige hawwe. Sa soe se yn it praatprogramma bydroegen hawwe oan antymoslimsentiminten "troch it idee foarkomme te litten dat moslims (gauris) antysemitysk binne". Ek soe se moslims ferkear yn ferbining mei terreur brocht hawwe.[10]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.