Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sybrand van Haersma Buma (Warkum, 30 july 1965) is in Nederlânsk politikus fan it CDA. Alhoewol't syn offisjele namme Van Haersma Buma is, wurdt dy faak ôfkoarte ta Buma. Hy wie fan 2010 oant 2019 fraksjefoarsitter fan dy partij yn 'e Twadde Keamer. Op 18 maaie 2012 waard Van Haersma Buma keazen ta partijlieder, wêrnei't er op 30 juny formeel beneamd waard. Earder dielde er it partijliederskip mei fise-minister-presidint en minister Maxime Verhagen en partijfoarsitter Ruth Peetoom. Yn 2019 waard Van Haersma Buma oansteld as boargemaster fan Ljouwert.
Sybrand Buma | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Sybrand van Haersma Buma | |
Berne | 30 july 1965 | |
Berteplak | Warkum | |
Partij | CDA | |
Titels | mr. | |
Politike funksjes | ||
2002 | gemeenteriedslid Leidsendam-Foarburch | |
2002-2019 | lid Twadde Keamer | |
2010-2019 | fraksjefoarsitter CDA Twadde Keamer | |
2012-2019 | polityk lieder CDA | |
2019-.... | boargemaster Ljouwert |
Nei in atheneumoplieding yn Snits studearre Van Haersma Buma tusken 1983 en 1989 Nederlânsk rjocht oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei die er in kursus ynternasjonaal rjocht oan 'e Universiteit fan Cambridge. Yn 1990 gong er as stafjurist oan it wurk by de Rie fan Steat.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sybrand van Haersma Buma fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.