From Wikipedia, the free encyclopedia
Michael van Praag (Amsterdam, 28 desimber 1947) is in Nederlânske ûndernimmer en sportbestjoerder. Tsjintwurdich is er foarsitter fan de Nederlandse Sportraad.
Yn 1989 waard Michael van Praag foarsitter fan Ajax, in baan dy't syn heit, Jaap van Praag, tusken 1964 en 1978 ek hie. Van Praag folge by Ajax Ton Harmsen op en soe sels oant en mei 2003 de foarsitter fan de klup bliuwe. Foardat hy foarsitter fan Ajax waard wie Van Praag skiedsrjochter by it amateurfuotbal en fertsjinne hy syn jild mei de ferkeap fan syn 45 elektronikasaken op in protte fleanfjilden. By Ajax waard Van Praag opfolge troch John Jaakke.
Yn de perioade dat Van Praag de foarsitter fan Ajax wie wûn de klup seis kear it Lânkampioenskip fan Nederlân, 4 kear de KNFB Beker, 4 kear de Johan Cruijff-skaal, 1 kear de Champions League, 1 kear de UEFA Kup, 1 kear de Jeropeeske Superkup en 1 kear de Wrâldbeker foar Fuotbalklups.
Nei syn perioade as foarsitter fan Ajax waard Van Praag yn juny 2003 de presidint-kommissaris fan de Earedifyzje CV. Op 27 augustus 2008 waard hy keazen ta presidint fan de KNFB, dêr folge er de yn april 2008 ferstoarne Jeu Sprengers op.
Van Praag stelde him op 26 jannewaris 2015 kandidaat foar it foarsitterskip fan it wrâldfuotbalbûn FIFA en wie dêrmei in direkte útdager fan de doetiidske foarsitter, de Switser Sepp Blatter. [1][2] By syn kandidatuer moast er de stipe hawwe fan teminsten fiif nasjonale fuotbalbûnen; yn de foarm fan de fuotbalbûnen fan België, de Faeröer, Nederlân, Roemenië, Skotlân en Sweden waard oan dy eask foldien. By syn earste parseferklearring op 28 jannewaris sei Van Praag ûnder mear dat er stribje soe nei it útwreidzjen fan it tal net-Europeeske lannen op in wrâldkampioenskip fuotbal en in krêftigere oanpak fan matchfixing. [3] Op 21 maaie 2015 luts Van Praag him lykwols werom as kandidaat foar it FIFA-foarsitterskip. De KNVB-praeses makke romte foar de Jordaanske prins Ali bin al-Hoessein fan Jordanië, mei wa 't er jûns yn Amsterdam syn beslút út de doeken die. [4] Deselde dei luts ek âld-fuotballer Luís Figo út Portugal him werom út de race.
Op 14 septimber 2016 tinge Van Praag mei nei it UEFA-foarsitterskip. Hy ferlear de ferkiezing mei 42 tsjin 13 stimmen fan de Sloveen Aleksander Haaneferin. Op 17 desimber 2019 waard Van Praag as bûnsfoarsitter fan de KNVB opfolge troch Just Spee. Sûnt 1 april 2016 is Van Praag foarsitter fan de nij ynstelde Nederlânske Sportried. [5]
Oars as syn heit Jaap is Michael van Praag (neffens de tradisjonele joadske wetjouwing) net Joadsk, omdat syn mem dat net wie. Hy hat trije susters, dêr't Beryl van Praag fan as presintatrise bekendheid krige. De sjonger Max van Praag is syn omke, wêrtroch 't Michael van Praag in neef is fan nijslêzeres Marga van Praag en Chiel van Praag. Yn it jier 2000 waard Michael van Praag heit fan in dochter.
Op 9 maart 2016 waard oan Van Praag de twadde Jillis Bruggeman Penning útrikt fanwege syn fertsjinste by de ynset fan de KNVB tsjin diskriminaasje fan lhbt' ers yn de fuotbalwrâld.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Michael van Praag fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.