Makkum is in flekke west fan Boalsert oan de Iselmar yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Benoarden en besuden Makkum lizze de natuergebieten Makkumer Súd- en Noardwaard. Makkum is fanâlds in fiskersplak, mar it hat yn de 20e iuw ek in protte toerisme krigen.

Fluch de feiten
Makkum
Thumb
Waach fan Makkum
Emblemen
Thumb               Thumb
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal3.544 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade8754
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 3' NB, 5° 24' EL
Thumb
Slûs Makkum
Thumb
Kaart fan Makkum
Offisjele webside
http://www.makkum.nl
Kaart
Thumb
Makkum
Kaart
Thumb
Himrik fan Makkum yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Slute

Under Makkum falle ek de buorskippen Ingwier en foar in part De Wearen. Oant 2011 wie Makkum it grutste plak yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel.

Makkum hat 3.544 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

Thumb
Makkumer Ierdewurk

De Sint-Martenterp is al mear as tûzen jier âld. Dêrop lei doe in tsjerkje mei it boeredoarp Mackum. Yn 'e 16e iuw ûntstie oan 'e súdlike kant de steedlike kearn: Statum. By Statum wie in slûs, dêr't troch frachtskippen tol betelle wurde moast. De measte skippen farden troch nei Boalsert. Nei de midsiuwen binne beide delsettings oan inoar fêst groeid. De hjoeddeiske tsjerke is yn 1660 boud.

Yn de midsiuwen hie Makkum de namme Poarte nei de Sudersee. Dit kaam troch de twa slûzen, de noardlike fan it Kleaster Blomkamp, de súdlike fan it Kleaster Lúntsjerk. Makkum koe him sa ûntjaan ta in wichtich handelssintrum mei in strategyske posysje.

De Gouden Iuw fan Makkum begûn yn de 17e iuw en duorre oant de 18e iuw. Makkum wie in belangryk wurk- en handelssintrum, ynklusyf stienbakkerijen, tegelbakkerijen, hout, oalje, papier- en pelmûnen, skipswerven en skulpekalkûnen. De skulpkalkbaarnderijen wienen de grutste pylders foar de wolfeart fan Makkum. In soad minsken wurken hjir. Dizze mitselkalk fan hege kwaliteit waard ûnder oare brûkt by de bou fan huzen yn Amsterdam. It ferfier fan grûnstoffen en einprodukten gie per skip en dêrtroch bloeiden ek de skipfeart en skipsbou. De skulpefiskerij wie fan belang neist de gewoane fiskerij.

It wapen fan Makkum toant in Seemearmin fan goud mei yn de rjochterhân in nei rjochts silend skip en in de lofterhân in kalkûne. De 19e iuw brocht in tebekfal troch it fersânjen fan de Sudersee dêr't de haven dan Makkum min te beriken troch waard. De drokte rûn werom en allinnich de skipsbou en wat diggelguodfabriken bleaunen oer.

De lêste jierren lûkt Makkum in protte wetter(sport)leafhawwers. It rekreaasjegebiet “De Holle Poarte” mei strân, kampearterrein, fakânsjewenten en bûlevaar lûkt alle jierren in soad minsken oan.

Bûten de lânbou nimt de natuer (reidsnijerij yn de Makkumerwaard) in grut plak yn. De natuergebieten oan de Iselmarkust binne ferneamd troch de kloften fûgels en it grutte ferskaat oan planten. De Stifting Preamke lit simmerdeis in pream farre foar toeristen. De Stifting WON set him yn om de seefiskerij op de eardere Sudersee yn byld te bringen.

Yn 2008 hawwe Keninginne Beatrix en har famylje it plak op Keninginnedei besocht.

It besjen wurdich

De rike histoarje fan de flekke noch goed te sjen. De flekke hat in stêdeftige struktuer út de 17e iuw. Benammen by de slûs steane fraaie keapmanshuzen mei prachtige gevels en ymposante ornaminten. Ek de eardere waach is in besite wurdich, lykas ek it tichelwurkfabryk Keninklike Tichelaar Makkum, it âldste (tiggelwurk)bedriuw fan Nederlân, makker fan it wrâldferneamde Makkumer tichelwurk.

Nijsgjirrich is Hotel-Restaurant De Prins by de Slûs Makkum en it âlde postkantoar oan de Merk.

Westlik fan Makkum, op de Makkumer Súdwaard is in grut rekreaasjegebiet, de Holle Poarte of ek wol "Makkum oan See" neamd, dy't út in jachthaven, camping, rekreaasjewenten, in bûlevaar, de "Makkumer Bûlevaar", en byhearrende foarsjennings bestiet.

Mienskip

Thumb
Grutte Sylroede

De feriening foar Pleatslik Belang is oprjochte yn 1909. De krante fan de flekke is de Makkumer Belboei. Simmerdeis is der de Makkumer Merke en al sûnt 1990 Leagenbollepop. Us Stek set him yn foar saken op it mêd fan sport en aktiviteiten. Sint Martinus, It Iepen Stee en De Arke binne de trije basisskoallen fan de flekke. Sûnt 2003 wurde om it jier yn Makkum de Fiskerijdagen Makkum holden, organisearre troch de Stichting Fiskerijdagen Makkum.

Tsjerken

Thumb
Doniatsjerke
Thumb
Sint-Martinustsjerke

Ferienings

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

Mear ynformaasje Jier ...
Jier184019541959196419691974200420152020
Ynwenners1.9412.6132.5802.7132.7903.2743.2603.6543.598
Slute
Thumb
De Prins

Berne yn Makkum

  • Hylke Jans Kingma (1708-1782), skipper, fabrikant en keapman
  • Dirk Lenige (1722-1798) keapman en dichter
  • Cornelis van den Burg (1752-nei 1795), gritenijsekretaris fan Wûnseradiel, kapitein fan de frijwillige scktterij en boargemaster fan Boalsert
  • Cynthia Lenige (1755-1780), dichtster
  • Oene Romkes de Jongh (1812-1896), skilder
  • Marten Kingma (1817-1900), politikus en bestjoerder
  • Jacobus ten Zweege (1855-1917), plateelskilder
  • Lucas Franciscus Britzel (1885-1942), boer, besjoerder en boargemaster
  • Willem Banning (1888-1971), ûnderrjochter, predikant en letter meioprjochter fan de PvdA
  • Geertruida Draaisma (1902-2011), fan 10 novimber 2010 oant har ferstjerren it âldste minske fan Nederlân
  • Ruurd Alta (1918-1987), politikus
  • Lenze Meinsma (1923-2008), dokter
  • Henk Pruiksma (1947-), politikus en rjochter
  • Sietske Poepjes (1979-), politika
Thumb
Fersetsbrêge

Ferstoarn yn Makkum

Sjoch ek

Strjitten

Alle strjitten yn Makkum.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.