Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sietske Poepjes (Harns, 21 augustus 1979) is in Frysk CDA-politikus en juriste. Fan 2011 oant 2023 wie Poepjes deputearre yn Provinsje Fryslân. Sûnt 27 febrewaris 2024 is se boargemaster fan de gemeente Olst-Wijhe yn Oerisel.
Sietske Poepjes | ||
politikus | ||
Sietske Poepjes yn 2019 | ||
echte namme | Sietske Aleida Elisabeth Poepjes | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 21 augustus 1979 | |
berteplak | Harns | |
partij | CDA | |
Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2007-2011 | |
Lid Deputearre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2011-2023 | |
foargonger | Sjoerd Galema | |
Boargemaster fan Olst-Wijhe | ||
amtsperioade | 2024-No | |
foargonger | Ton Strien | |
offisjele webside | ||
Sietske Poepjes, Provinsje Fryslân |
Poepjes gie oant 1997 nei it vwo oan it Bogerman College en studearre fan 1997 oant 2002 Nederlânsk rjocht oan de Ryksuniversiteit Grins mei in spesjalisaasje yn it steats- en bestjoersrjocht en rjochtsteory. Yn 2005 folge hja de CDA Simmerskoalle en fan 2006 oant 2007 de CDA Kaderskoalle oan it Steenkampynstitút.
Fan 2003 oant 2006 wie Poepjes beliedsmeiwurker romtlike oardening en fan 2006 oant 2011 juridysk controller by de gemeente Lemsterlân. Njonken dat wie se fan 2006 oant 2011 juridysk adviseur by de Stichting Duurzame Garnalenvisserij.
Fan 2007 oant 2011 wie Poepjes út namme fan it CDA lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 2011 ôf is se foar it CDA lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân dêr't se Sjoerd Galema opfolge; dêrmei waard hja de jongste deputearre fan Nederlân. Sûnttiids hat se ferskate portefúljes hân, ûnder oare ferkear en ferfier en miljeu. Fan 2019 ôf oan hat se Klimaat, Enerzjy, Kultuer, Underwiis en taal, Fryslân 2028, Hannelsmissys en Waadfûns yn har portefúlje. Dêrneist is se 3e loko-kommissaris fan de Kening.
Op 28 novimber 2023 waard Poepjes troch de gemeenteried fan Olst-Wijhe foardroegen as nije boargemaster. [1] Op 29 jannewaris 2024 waard bekend makke dat sy beneamd is by keninklik beslút mei yngong fan 27 febrewaris fan dat jier. [2]
Poepjes waard berne yn streeksikehûs Oranjeoard yn Harns, mar is hikke en tein yn Makkum en wennet dêr ek.
Poepjes is teffens foarsitter fan it Sint-Annaleen (stúdzjelien fan Makkum en omkriten, nei alle gedachten âldste yn Nederlân), trainer by de Eduardo Frei Stichting (ferbûn oan it CDA en fersoarget politike training oan politisy yn lannen mei in jonge demokrasy), lid fan de Fryske Akademy en bestjoerslid fan de Stichting Frysk Tichelwurk, it Kolleksjesintrum Fryslân (museum kolleksjes), Makkum Art en de Stichting Geschiedenis van de Eetcultuur.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.