From Wikipedia, the free encyclopedia
Lina Haag (Schwäbisch Gmünd, 18 jannewaris 1907 – München, 18 juny 2012) wie yn de Twadde Wrâldkriich in Dútske fersetsstriidster en finzene yn it frouljuskonsintraasjekamp by Moringen en Lichtenburg by Wittenberch. Op har hûndertste, yn 2007, krige se de Dachau-priis foar boargermoed.[1].
Lina Haag, doe noch Lina Jäger, waard berne yn Schwäbisch Gmünd in Württemberg. Yn 1920 krige se kunde oan Alfred Haag. Se kamen beide út ienfâldige húshâldingen, en sletten harren oan by de jongereinbeweging fan de KPD, de Dútske kommunistyske partij.
Yn nazy-Dútslân waard se yn ferskate finzenissen en kampen fêsthoâlden en tramtearre. De ta de dea feroardielde Liselotte Herrmann krige nei it fonnis acht pinestillers dy't se foar harsels opsparre hie. Nei't se frij litten wie waard se ferienige mei har dochter. Dêrnei gie se hast alle dagen nei it haadkertier fan de SS om de frijlitting fan har man te bepleitsjen. Lang om let waard har in petear mei Heinrich Himmler tastien; se frege him nochris om har man Alfred frij te litten. Himmler soarge yndie foar syn ûntslach út it konsintraasjekamp Mauthausen. Alfred wie dêr en yn Dachau martele. Hy waard al rillegau oproppen foar tsjinst oan it eastfront. Harren hûs yn Berlyn wie bombardearre. Lina moast oan 't wurk yn in sikehûs yn Garmisch-Partenkirchen. Dêr skreau hja in brief oer har ûndefiningen oan Alfred, wylst se net wist oft se him ea noch sjen soe. Dy brief is publisearre yn it boekje Eine Hand voll Staub – Widerstand einer Frau 1933 bis 1945.
Yn 1948 komt Alfred frij út in kriichsfinzenekamp fan it Reade leger fan de Sovjet-Uny. Oant syn dea yn 1982 libben Alfred en Lina Haag byinoar. Lina is al har libben pasifiste bleaun en wenne oant har dea yn München. Sy waard 105 jier âld.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.