Lutherstadt Wittenberg

From Wikipedia, the free encyclopedia

Lutherstadt Wittenberg

Lutherstadt Wittenberg is in plak yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt yn 'e lânkring Wittenberg. De stêd leit oan 'e rivier de Elbe, goed 100 kilometer súdwestlik fan Berlyn en sa'n 70 km noardeastlik fan Leipzig.

Fluch de feiten
Lutherstadt Wittenberg
Thumb
Merkplein mei it âlde stedhûs, it stânbyld Maarten Luther en de Stedstsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Saksen-Anhalt
LânkringWittenberg
Sifers
Ynwennertal45.588 (31.12.2023)
Oerflak240,4 km²
Befolkingsticht.190 ynw./km²
Hichte75 m
Oar
Stifting1293 (stedsrjochten)
Postkoade06886, 06889, 06895
TiidsôneCET/CEST (UTC+1/+2)
Koördinaten51° 52' N 12° 39' E
Offisjele webside
lutherstadt-wittenberg.de
Kaart
Thumb
Slute

Wittenberch wie yn it ferline de residinsje fan de karfoarst fan Saksen, in weardichheid dat droegen waard troch de hartoggen fan Saksen-Wittenberch. Teffens is de stêd nau ferbûn mei Maarten Luther en it begjin fan de protestantske refomaasje; ferskate oerbleaune gebouwen kinne assosjearre wurde mei in wichtich barren út dy tiid, de 16e iuw. In part fan it Augustynsk kleaster dêr’t Luther tahold, earst as muonts en letter as eigner mei frou en bern, is bewarre bleaun en is distiid it belangrykste museum dat oan Luther wijd is yn de wrâld. In tal gebouwen en monuminten ta oantins fan de reformator en Melanchthon binne yn 1996 ûnder de namme Lutherbetinkplakken yn Eisleben en Wittenberg op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO kaam.

It besjen wurdich

  • Lutherbetinkplakken:
  • Oan 'e Merk (Markt) steane it 16e-iuwske renêssânse riedshûs en ferskillende renêssânse hûzen. Op it plein steane ek 19e-iuwske bylden fan Maarten Luther en Philipp Melenchthon.
  • It Slot fan Wittenberg is de eardere residinsje fan 'e Saksyske karfoarsten. Sûnt 1489 waard it folslein op 'e nij boud en it wie by de foltôging yn 1525 ien fan 'e moaiste Dútske kastielen fan 'e iere renêssânse. Nei de brannen fan 1760 en 1814 bleau der net in soad fan syn âlde gloarje oer.

Ferneamde ynwenners

Galery

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wittenberg fan Wikimedia Commons.
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.