Liguerje (Italjaansk: Liguria; Liguerysk: Ligûria) is in regio dy't oprjochte waard yn 1859. De regio leit oan de kust fan it noardwesten fan Itaalje en de op twa nei lytste. It grinzet yn it westen oan Frankryk, en oan de Italjaanske regio's Piëmont yn it noarden en yn it easten Emilia-Romagna en Toskane. De namme Liguria komt út de pre-Romeinske tiid.

Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Liguerje
Flagge Wapen
Thumb Thumb
Lokaasje yn Itaalje
Thumb
Algemien
Haadstêd Genua
Oerflakte 5410
Befolking 1.760.000
Befolkingstichtens 330
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Saccarello: 2200
Oantal gemeenten 235
Provinsjes Genua, Imperia, La Spezia, Savona
Slute

Liguerje leit oan de Golf fan Genua, dat in part is fan de Ligueryske See, wat wer it noardlikste stik is fan de Middellânske See.De kuststripe wurdt ek wol de Ligueryske kust neamd. In oare namme is de Italjaanske of blommeriviêra, dêr't tal fan aardige kustplakjes lizze.

Om-ende-by de helte fan it lânoerflak is begroeid mei bosk. Fan de befolking wennet 50 % yn ien fan de fjouwer provinsjehaadstêden. It oare part fan de befolking wennet yn haadsaak ticht by de kust. It bercheftige binnenlân is tin befolke.

Klimaat

De Ligueryske kust hat in myld seeklimaat. Yn jannewaris wurdt it yn Genua trochstrings sa'n 8° oant 10°C. It friest der selden, útsein it bergeftich gebiet yn it binnenlân. Simmerdeis komt de temperatuer op sa'n 24-25°C út. De reinfal kin somtiden oerfloedich wêze; fanwege de bergen ticht by de kust is der in soad wolkefoarming wêrtroch yn Genua jierliks sa'n 2000 mm rein falt. Lykwols hawwe oare gebieten de gewoane wearden fan it Middellânske Seegebiet (500-800 mm).

Nijsgjirrichheden

  • De nijsgjirrichste pakken yn de regio binne: Genua, de doarpen fan de Sinkwe Terre, Albenga, Kamogly, Sestry Levanty, Noly, San Remo en Siafari.
  • De wichtichste natuergebieten fan Liguerje binne: Sinkwe Terre, it Skiereilân fan Portofino, de Ligueryske Alpen en it karstlânskip om de plak Finale Ligure hinne.

Provinsjes en wichtige stêden


ProvinsjeOfkoartingHaadstêdWichtige plakken
GenuaGEGenua Siafari, Rapallo, Sestry Levante
ImperiaIM ImperiaSan Remo, Fentimiglia
La SpeziaSP La SpeziaSarzana
SavonaSVSavona Albenga

Foto's

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.