Liet is de namme fan in searje muzikale talintejachten dy't sûnt 1991 hast alle jierren hâlden wurde. Der binne in Fryske en in Jeropeeske ferzje fan Liet. De lêste hjit Liet Ynternasjonaal.
De Fryske edysje fan Liet is sûnt 1991 alle kearen hâlden yn Ljouwert. Alle jierren hat in sjuery in winner oanwiisd. By ferskate edysjes wiisde dêrneist ek it publyk in winner oan. Fan 2005 oant en mei 2008 wiisde in aparte sjuery ek noch de winner oan fan de Steven Sterkpriis foar de bêste liettekst. De bekendste Liet-winner is de twamansformaasje Twarres, dy't yn 1999 de publykspriis wûn mei de lettere Nederlânske en Belgyske nûmer 1-hit 'Wêr bisto?'. Oare yn en bûten Fryslân bekend wurden winners binne Nynke Laverman, Sebeare en Adri de Boer.
Oant en mei 2006 waarden de dielnimmers oan Liet fan te foaren troch de sjuery selektearre oan de hân fan ynstjoerde lûdsopnames. It tal dêrfan skommele altyd tusken de 55 en de 75. By de finale bestie de sjuery út fertsjintwurdigers fan fiif Fryske regio's. Yn 2007 is Liet net trochgien. Mei yngong fan 2008 hâldt Liet fiif regionale foarrondes. Ut de winners dêrfan selektearret de sjuery dan de dielnimmers oan de finale yn Ljouwert. Omrop Fryslân stjoert dizze finale alle jierren yntegraal út. Liet wurdt iepene troch de winner fan de Karin de Jong-priis (Sjongfestival foar Bern) of troch de winners fan SjONG, it sjongfestival foar it fuortset ûnderwiis.
De publykspriis fan it Fryske sjongfestival Liet hjit sûnt 2010 de Ivan Pel-publykspriis. Pel ferstoar maitiid 2009 hommels. Hy wie fan 1991 oant 2009 produsint en saaklik lieder fan Liet en Liet Ynternasjonaal. Yn 1991 rjochte er Liet mei op en tsien jier letter Liet Ynternasjonaal.
Liet waard fan 1991 oant en mei 2009 organisearre troch Stichting Liet yn gearwurking mei de Ljouwerter stêdsskouboarch De Harmonie. Stichting Liet '91 docht dat tsjintwurdich selsstannich.
Sûnt 2002 bestiet der ûnder de namme Liet Ynternasjonaal of Liet-Lavlut (yn 2006 en 2008) in ynternasjonale fariant op Liet, dêr't artysten út hiel Jeropa oan meidogge. Sy sjonge yn in regionale taal of sjongtradysje of fertsjintwurdigje in Jeropeeske regio. De winner fan de sjuerypriis by Liet fertsjintwurdiget op Liet ynternasjonaal de regio Westerlauwersk Fryslân. Liet ynternasjonaal waard yn it begjin om de twa jier yn ferskate Jeropeeske regio's hâlden, mar is tsjintwurdich elts jier yn de hjerst en ek elts jier yn in oare stêd en regio. Liet is dan ek ta it útgroeien oant in festivalmerk troch hiel Europa en ien fan de gruttere manifestaasjes foar de promoasje fan minderheidstalen foar in grutter publyk. It festival lûkt meastentiids in soad media. Omroppen as BBC en CNN makken al ferskate kearen reportaazjes op en oer dit festival.
Yn ferskate Europeeske regio's wurde ûnder feskillende nammen foarrondes hâlden, wêrfan de winners meidwaan meie oan Liet Ynternasjonaal. Dizze foarrondes binne:
Nòs Ur (foar it Skotsk en de Keltyske talen Iersk, Gaelic, Welsk, Kornysk, Bretonsk). Nos Ur waard organisearre yn 2008 en 2009.
De Faeroër Eilannen sille yn 2011 foar it earst in eigen sjongfestival organisearje.
Suns, songfestival foar minderheidstalen út Itaalje en it Alpegebiet. Suns waard organisearre yn Udine yn 2009 en 2010. Yn 2011 is Suns yn Falera yn Switserlân.
yn earste ynstânsje útrikt oan French Connection foar it nûmer Iselmar, letter ynlutsen nei in beskuldiging fan plagiaat. De publykspriis wie foar 't Kratsje mei Har eagen.
1994
Egbert Beers mei Sûnder thús (sjuerypriis)
De Rayonhaden mei Moekes koek- en sopiekream (publykspriis)