Lars Ulrich

From Wikipedia, the free encyclopedia

Lars Ulrich
Remove ads

Lars Ulrich (Gentofte, 26 desimber 1963) is in Deensk drummer. Hy is bekend as de drummer fan Metallica. Ulrich en syn mei-bandleden waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Fluch de feiten
Remove ads

Karriêre

Ulrich begûn as jonge puber mei drummen; doe't er sântjin jier wie gie er nei Amearika en sette dêr nei in tal mislearre audysjes by ferskate bands yn 1980 in advertinsje yn in lokale krante op syk nei muzikanten om in band mei te begjinnen. James Hetfield reagearre op dizze advertinsje en yn 1981 rjochte Ulrich mei Hetfield de band Metallica op.

Hy waard bekend as in pionier op it mêd fan flugge thrash-drumbeats, benammen te hearren op de earste fjouwer albums fan Metallica, Kill 'Em All, Ride the Lightning, Master of Puppets en ...And Justice for All.

Remove ads

Priveelibben

Ulrich waard berne yn Gentofte, Haadstêd, Denemark, as soan fan de Deenske tennisser en jazzmuzikant Torben Ulrich. Lars Ulrich is trije kear troud. Yn 1988 boaske er mei de Britske Debbie Jones. Dat houlik duorre oant 1990. Fan 1997 oant 2004 wie er boaske mei Skylar Satenstein, mei har krige Ulrich twa soannen. Fan 2004 oant 2012 hie Lars in relaasje mei de Deenske aktrise Connie Nielsen, mei har krige er ek in bern. Yn 2015 boaske Ulrich mei it Amerikaanske model Jessica Miller. Lars Ulrich is in fûleindich keunstsamler, hy hat in grutte kolleksje.

Remove ads

Diskografy

Albums

As gastmuzikant

Mear ynformaasje Single(s), Album ...
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads