Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Langwar (Langweer) is in doarp yn it súdwesten fan Fryslân yn 'e gemeente De Fryske Marren. It doarp leit yn it Fryske marregebiet oan 'e Langwarder Wielen, wat eastlik fan 'e Kûfurd en net fier fan Gaasterlân ôf. Simmerdeis hat it doarp in soad toerisme. De Buorren fan Langwar is beskerme doarpsgesicht.
Langwar | ||
Osingastate. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.045 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' N 5° 43' E | |
Offisjele webside | ||
visitlangweer.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Langwar yn 'e gemeente Skarsterlân. |
Langwar hat 1.045 (1 jannewaris 2023) [2] ynwenners.
Langwar is in âld doarp mei in rike skiednis. Ut it argyf fan it bisdom Utert blykt dat Langwar yn 1256 al bestie. Yn 1517 wie it plakje it toaniel fan in striid tusken Geldersken en Boergonjers. It is net bekend wa't winner wie, wol dat der in grutte brân ûntstie.
Iuwenlang wie dit doarp allinnich mar oer it wetter berikber. Yn 1856 kaam de earste ferbining mei de bûtenwrâld oer lân: de Breedyk rjochting Sint Nyk. Grytman Johan Vegelin fan Claerbergen makke midden 18e iuw in ein oan de woastenij. Hy ûntwettere en beboske de sompige grûn om Langwar. De bosken binne nei him neamd en syn neisieten ha der wenne oant de lêste fan harren, de grytman Schelte Hessel Roorda van Eijsinga, himsels yn 1829 op de boppeferdjipping fan de state tekoart die. De wei nei Boarnsweach, dy't yn 1783 in sânreed wie, rûn fan it doarp nei de Skarster Rien en is pas yn 1905 ferhurde. De Foekjessteech wie dêrom eartiids it "Boarnsweachster paad". De wei troch Legemar wie oant begjin 20e iuw ek noch in sânreed.
Langwar hat in foarnaam plak west mei teminsten twa stinzen, dêr't iuwenlang aadlike famyljes yn wenne hawwe. Op it plak dêr't letter it gemeentehûs fan Doanjewerstâl stie, stie eartiids Osingastate (Langwar). "It Slot", sa't de Langwarders it neame, waard tsjin 'e ein fan 'e jierren 1930 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. De Oranjery is in âlde pleats by Osingastate. Dêr setten de bewenners fan Osingastate winterdeis harren eksoatyske planten yn. Hjirnjonken rûn eartiids de Wimerts. Dêrtroch koenen de boeren mei de pream oan de muorre ta farre om it hea te lossen.
In oar foarnaam hûs wie Doumastate, dy't op it plak stie dêr't letter it molkfabryk en hotel De Wielen stie. It is ûnbekend wannear't de state boud waard, mar dy waard yn 'e 16e iuw bewenne. Yn 'e tún fan 'e state stie mear nei de Buorren ta noch in fan in grêf omfieme âlde stins, de Doumastins. De stins waard yn 1517 troch de Boergonjers platbaarnd. Tusken de Doumastate en de Doumastins stie oan 'e strjitte ek noch in tredde gebou, it Fechthûs. In diel fan de yn 1845 ôfbrutsen state is brûkt foar de bou fan herberch "It Wapen fan Fryslân" by Spannenburch. Sûnt 1908 stie op it plak it molkfabryk Langwar.[3] It fabryk waard yn 1956 troch fúzje mei Sint-Nyk sletten en ferboud ta hotel De Wielen.[4] Yn 2018 waard it âlde hotel ôfbrutsen om plak te meitsjen foar sechtjin lúkse apparteminten.[5]
Neffens Corpus Roemeling wie de midsiuwske tsjerke fan Langwar oan Sint-Pankratius wijd. Langwar wurdt al yn tsjerkeboeken fan 1256 neamd, dus moat doe al in tsjerke hân ha. De tsjerke waard yn 1517 by de striid tusken Gelre en Boergonje yn 'e brân stutsen. In restauraasje folge, mar op de ein fan de iuw waard de earste tsjerke dochs ôfbrutsen. De hjoeddeiske tsjerke is de tredde tsjerke en waard boud yn 1777.[6][7]
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Langwar it haadplak fan de eardere gemeente Doanjewerstâl. Dêrnei wie it in doarp yn de gemeente Skarsterlân en sûnt de lêste weryndieling fan 2014 heart Langwar by de gemeente De Fryske Marren.
De Feriening foar Folksfermaken organisearret sûnt 1 augustus 1928 ferskate aktiviteiten en eveneminten foar de ynwenners fan Langwar, Boarnsweach, Diken en omkriten.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 489 | 822 | 771 | 759 | 804 | 833 | 924 | 976 |
Jier | 2008 | 2022 | ||||||
Ynwenners | 964 | 1.045 |
Boarne 1840: Plaatsengids.nl
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.